Fiversburch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kat
foto Tresoar
Rigel 1:
[[Ofbyld:Fiversburch yn 1926.jpg|thumb|''Fiversburch yn 1926'']]
'''Fiversburch''' is it bûten ûnder [[Tytsjerk]]. It is foar de 19e ieu boud yn [[Ryptsjerk]], mar yn 1970 is by Tytsjerk kaam doe't de Rykswei Ljouwert-Grins de grins tusken dy twa doarpen waard.
 
== Age Ypey ==
Yn 1808 kocht de begoedige Age Looxma dit bûten. Syn dochter Baudina boaske de arts [[Nicolaas Ypey]]. Se krigen in soan, Age dy't, net-troud bleaun, yn syn testamint út [[1892]] bepaalde dat syn totale besit, dat rûsd waard op mar leafst fl. 1.500.000,-, ûnderbrocht wurde soe yn in stifting. De wichtichste bepaling yn it testamint wie wol dat "âldere behoeftigen út de doarpen Ryptsjerk, Tytsjerk en [[Hurdegaryp]] yn 20 te bouwen wenningen harren âlde dei trochbringe meie". Oant hjoed-de-dei binne de huzen bewenne. Om't de oerheid no de soarch foar de âlderein op him naam hat, binne it net mear allinnich âlden fan dagen dy't der wenje meie, mar wurde de wenningen normaal ferhierd troch de trije reginten dy't it behear útoefenje oer de "Stifting op Toutenburch" yn [[Swarteweisein]].
 
== Bosk fan Ypey ==