Moarre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
[[]]
[[]]
Rigel 16:
 
== It doarpsbestjoer ==
Moarre hie 19 stimmen. Regel wie dat dy stimhawwers de tsjerkfâden keazen. Dy tsjerkfâden foarmen dan ek it deistich doarpsbestjoer. Yn Moarre lei dat oars; troch in âld foarrjocht fan de eigners fan de states Hooghuistra, Botma, [[Heemstrastate|Heemstra]] en Nittema wienen dy om bar tsjerkfâd. Aldhuistra wie in state efkes noard-westlik fan it doarp.
 
Ta de himrik fan Moarre hearde ek [[Fridhuistrastate]] ûnder [[Mitselwier]].
Rigel 24:
De tsjerke dy't wijd wie oan de Hillige Jehannes de Evengelist, is ûntstien yn twadde helte fan de [[13e ieu]]. Yn de [[18e ieu]] hawwe fernijingen oan de tsjerke west, bygelyks it tonferwulft yn [[1737]]. Yn [[1843]] hat der in grutte ferbouwing plak fûn. Doe is de, mooglik 16e ieuske, toer ôfbrutsen en de neo-klassike lantearne ta stân kommen en yn 1920/21 krige it gebou in nije flier, kap en ferwulft. De klok (diameter 85cm) is fan [[1659]] en getten troch [[Jurjen Balthasar|Iurien Balthasar]] út [[Ljouwert]].
 
Yn de tsjerke binne noch sarken út de [[16e ieu|16e]] oant [[18e ieu]]. Ut [[1625]] is it lytse [[epitaaf]] foar Wopke fan Scheltema en Frouck Roorda fan [[Ginnum]], bewenners fan Heemstrastate.
 
Moarre hat ek noch ien fan de fjouwer oargels dy't makke binne troch [[Johann Michaell Schwarzburg]] út [[1740]]. De opdrachtjouster wie de widdo Jantsje Nannes Botma. It wapen fan har en har man is der dan ek op oanbrocht.