Thijs Feenstra (politikus): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikix (oerlis | bydragen)
kat
Wikix (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
'''Thijs Feenstra''' ( [[Frjentsjer]], [[17 augustus]] [[1766]] — [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[23 novimber]] [[1840]]) wie in Fryske [[politikus]] en keapman, fan [[Remonstranten|remonstrantske]] komôf.
 
==ynYn saken==
Feenstra sette him yn 1783 ta wenjen yn [[Dokkum]] als [[kûper]], keapman en [[touslagger]]. Yn 1800 rjochte Feenstra mei de hearen Cats en Van der Veen in administraasjekantoar fan it grutboek fan’e nasjonale skuld op, wat hy oant syn dea bekwaam bestjoerde.
 
==bestjoerderBestjoerder yn de Frânske tiid==
Fan 1795 oant 1798 wie hy lid fan de munisipaliteit yn [[Dokkum]]. Ferfolgens wie hy lid fan it tredde Yntermediêr Administratyf Bestjoer fan Fryslân fan 21 juny 1798 oant 30 maart 1799 en fan it Departemintaal bestjoer fan Fryslân.
 
==bestjoerderBestjoerder fan Ljouwert==
Thijs Feenstra wie [[Gemeenteriedslid|lid fan de Ried]] fan Ljouwert dan 1811 oant 1820 en waard yn 1824 boargemaster fan Ljouwert oant koart foar syn ferstjerren yn in 1840.
 
==houlikHoulik==
Feenstra troude op 21 maaie 1786 foar it gerjocht fan Dokkum mei Rinske Allards Scheltinga, berne te Dokkum op 17 desimber 1764. Rinske ferstjert op 22 febrewaris 1829 yn de [[Skierstins]] te [[Feanwâlden]], dy’t sûnt 1814 eigendom fan Feenstra wie.
 
==ferskaatFerskaat==
Hy wie [[Oarder fan de Nederlânske Liuw|Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw]] en wenne yn Ljouwert yn it Sminiahûs oan de Twibaksmerk 36. Hy wie yn dy tiid ien fan de rykste boargers fan Ljouwert.