De Mûzel: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 1:
De '''Mûzel''' is de âlde ûnderrin fan de [[Boarn]] tusken [[Jirnsum]] en [[Raerd]] dêr't dy earder ôfwettere op de [[Middelsee]]. De restanten dêrfan binne tsjintwurdich in poldersleat dêr't de alde meanders noch yn te werkennen binne.
 
De Mûzel giet op de hichte fan Friens mei in dûker ûnder de [[alde [[wei nei Oerisel]] troch en hat yn Raerd oansluting mei de [[Snitser Aldfeart]]. De ôfwettering fan de polder dêr't de Mûzel diel fan útmakket, fynt plak fia in gemaal by de [[Jirnsummersyl]]. De eardere bopperin fan de Mûzel is dêrfoar sa'n 100 meter nei it Noarden ferlein.
 
It omlizzend lân waard earder tsjin heech wetter beskerme troch de [[Beslingadyk]] (tsjintwurdich foar part Van Sytzamawei neamd) oan de noardeast kant en de [[Hegedyk]] oan de westkant fan it streamgebiet fan de Mûzel.