Casper Andries Lingbeek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
J'88 (oerlis | bydragen)
Wikix (oerlis | bydragen)
kat, +
Rigel 1:
'''Casper Andries Lingbeek''' (Sloten, no part fan [[Amsterdam]], [[5 febrewaris]] [[1867]] Sloten N.H., no part fan- [[AmsterdamVoorthuizen]], - [[14 july]] [[1939]] [[Voorthuizen]]) wie predikant en politikus.
 
==Lingbeek as dûmny yn Fryslân==
 
Lingbeek hat yn Fryslân dûmny west yn [[Kûbaard]] fan 1895 ant 1899. Syn twadde Fryske gemeente wie [[Reitsum]] c.a. Yn Reitsum waard hy lid fan de Twadde Keamer en moast doe syn amt dellizze. Lingbeek stie bekend as in konfesjonele dûmny. Hy hie wat deftichs oer him. De minsken mochten him graach hearre. Yn de deistige omgong wie hy populêr. Hy koe der moai bykomme.
 
==Lingbeek yn de Konfesjonele Ferieniging==
 
Lingbeek hat lang lid west fan it bestjoer fan de Konfesjonele Ferieniging. Fan 1910 oant 1930 wie hy redakteur fan it blêd fan de konfesjonelen ''De Gereformeerde Kerk''. Foaral syn rubryk 'De vragenbus' waard in protte lêzen.
 
==Lingbeek syn politike opfettings==
 
Yn de rûnten fan de kristlike partijen wie Lingbeek omstriden. Syn warskôgings tsjin it '[[Roomske Tsjerke|Roomske gefaar]]' foelen dêr net yn goede ierde.
Sa kaam Lingbeek der ta om mei meistanners de 'Hervormd Gerefomeerde Staatspartij' op te rjochtsjen. Dizze partij lei earne tusken de steatkundich grifformearden en de CHU yn.
Line 16 ⟶ 13:
 
==Lingbeek en Reitsum==
 
Foar syn dwaan hat Lingbeek lang, seis jier, yn Reitsum stien. De namme Lingbeek is dêr noch lang mei eare neamd.
Wêr't Lingbeek ek foar soarge hat dat it yn Reitsum oars tagie as in oare plakken. Rjochtsinnich herfoarmen stimme op de CHU, gie foar de Twadde Keamer net op. As der keamerferkiezings kamen dan kamen de manlju dêrfoar byinoar. De programma's waarden besprutsen en nei de oarloch waard der in ferkiezingsútstjoering belústere. Dan waard besletten op wa men dizze kear stimme soe. Lang is de kar op Hervormd Gereformeerde Staatspartij fallen.
 
{{DEFAULTSORT:Lingbeek, Casper Andries}}
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Nederlânsk predikant]]
[[Kategory:KristendomTwadde Keamerlid]]
 
[[nl:Casper Andries Lingbeek]]