Seisbierrum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Streuper (oerlis | bydragen)
oanf: sânstiennen byld yn tsjerke
Rigel 7:
Dy trijehoeksfoarm komt ek werom yn de sûnt [[1987]] yn Seisbierrum steande piramide fan [[Aeolus (mythology)|Aeolus]] (god fan de wyn). Aeolus is destiids boud as wyn-attraksje park en besikerssintrum fanwege it nije wynmole eksperiminteel park tichtby Seisbirrum (en eigentlik lizzend op lân by [[Easterbierrum]]).
 
Seisbierrum waard yn it ferline ek wol neamd: ''Sixtabarra'' en ''Sixtusburen'', nei de hillige Sixtus. De [[Nederlânsk Herfoarme Tsjerke]] fan Seisbierrum is noch altyd wijd oan de [[Paus Sikstus II|Hillige Sikstus]] en bestiet sûn de [[12e ieu]]. Dit waard folksetymologysk werynterpretearre as ''sekx'', [[Aldfrysk]] foar ''seis''; de Nederlânske namme is dan is dan ek itselde as Aldfryske. Ut dizze letmidsieuske foarm ûntstie de moderne Fryske namme ''Seisbierrum'' . Iy doarp wurdt yn geskriften om it jier [[600]] al neamd.
 
Yn [[2010]] hat de Sixtustsjerke in sânstiennen byld fan de hillige Adelbert út de 14e ieu weromkrige. It midsieuske hilligebyld stie op in koarstek dat mei de byldestoarm fernield rekke. It byld hat gjin holle mear. It is yn 1960 weromfûn yn in tún by de tsjerke. It byld is op in sokkel yn de muorre fan de tsjerke delset.
 
Seisbierrum foarmet mei [[Pitersbierrum]] tegearre in soarte dûbeldoarp, trochdat beide doarpen de lêste 60 jier oan inoar groeid binne en fierder mei inoarferweve binne. Doe't it [[gemeentehûs]] yn it dûbel-doarp kaam is ek fuortendaliks de skiedsline tusken beide doarpen in lytse hûndert meter opskood om der foaral foar te soargjen dat it gemeentehûs yn Seisbierrum kaam te stean.