Stasjon Harns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
StigBot (oerlis | bydragen)
Streuper (oerlis | bydragen)
oanf
Rigel 11:
Yn [[1904]] kaam der fan Harns út noch in twadde spoar yn noardlike rjochting ta stân. Dit waard it spoar fan de [[Noord-Friesche Locaalspoorweg-Maatschappij]] (NFLS), ek bekend ûnder de namme [[Dokkumer lokaaltsje]], dy't oer [[Stiens]] ferbiningen fersoarge mei ûnder oare [[Dokkum]] en Ljouwert. De ferbining mei Harns waard yn [[1938]] opheft en opbrutsen.
 
Stasjon Harns wurdt tsjintwurdich (2008) betsjinne troch de [[stoptrein|stoptreinen]] fan [[Arriva]] (foarhinne [[NoordNed]]). Tusken 2009 en begjin 2010 ha der gjin treinen riden tusken stasjon Harns en Harns haven y.f.m. wurksumheden oan de wetterkearing en binne it spoar en it perron fernijd. Yn 2010 wie it stasjon Harns Haven it earste treinstasjon fan Nederlân mei it Arrivalogo fan ferfierder Arriva.
 
600 meter ten westen fan Stasjon Harns is it werklike begjin-/einpunt fan it spoar: [[Stasjon Harns Haven]]. Dizze halte bestiet út ien perron mei ien spoar wêr't de treinen stopje yn oansluting op de fearboaten nei [[Skylge]] en [[Flylân (eilân)|Flylân]].