Martelder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurkleas
...... op i
Rigel 7:
In hiele soad kristenen stoaren de marteldea benammen yn de earste trije ieuwen doe't hja bytiden fûlenich ferfolge waarden; ûnder de Romeinen waarden hja foar de liuwen smiten of waarden krúsige. Yn de Katolike Tsjerke waarden hja dêrom [[Hillichferklearring|hillich ferklearre]].
 
De earste kristlike martler wie [[Stefanus (martler)|Stefanus]]. Yn it [[Nije Testamint]] komt de term net foar, hoewol't de dea fan Stefanus doortroch [[stienniging]] as martyrium der al wol beskreaun stiet.
 
De [[tsjerkeskiednis]] kint ferskate martlers. [[Ignatius fan Antiochje]] waard yn [[Rome (stêd)|Rome]] dea-tramtearre. [[Polykarpus]] fan Smyrna stoar yn Smyrna de marteldea. Yn Noard-Afrika wienen dat ûnder oaren [[Cyprianus]], [[Perpetua en Felisitas]]. De ferslaggen fan harren dea binne samle yn de saneamde martlersboeken.
Rigel 14:
 
=== Martelders yn Nederlân ===
Yn it Nederlânsk taalgebiet binne sokke tsjûgenissen samle troch [[Adriaan fan Haemstede]] (Adrianus Haemstedius) dy't yn [[1559]] in grutte samling útjoech ûnder de titel ''Historie der martelaren die om de getuigenis der evangelische wierheid hun bloed hebben gestort''. Nei syn ferstjerren is it boek hieltyd oanfold sadat de lêste edysje fan [[1747]] in oersjoch jout fan martlers fan de iere tsjerke oant likernôch [[1650]]. Bekende Nederlânske foarbylden fan kristlike martelders, dy't troch de [[Roomsk-katolike tsjerke]] yn de [[hilligenkalender]] opnaam binne: de [[Martlers fan Gorkum]] en - yn mear romme sin - de [[Karmeliten|karmelitesse]] [[Edith Stein]], in bekearlinge út it [[joadendom]].
 
Ek de [[doopsgesinden]] hawwe tal fan martelders kend.