Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎It hege wetter yn de winter fan 1965/1966: oer de Skûtmakkerspôle, skreaun troch Dieuwke Boersma en Sippy van der Meer
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 111:
* ''Maran'' - biljerten
* ''De Laatste Eer'' - begraffenisferiening
;UTY
Gimmestykferiening UTY – “Untspanning Troch Ynspanning” is de gimmestykferiening fan Terkaple-Eagmaryp. UTY is oprjochte yn 1945 en hold syn alderearste útfiering begjin jannewaris 1947 yn it Centrum. De feriening hie doe al 110 leden, fariearend fan skoalbern, opgroeiende jeugd, manlju, froulju en feteranen hearen. In jier letter wie der ek in kleutergroep bykaam en siet it ledental al op 130.
De gymlessen waarden yn skoalle jûn, mar de jierlikse útfiering wie yn it Centrum. Der wie sa’n soad animo foar dat der 3 jûnen hâlden waarden. De earste jûn spesjaal foar bern, de twadde jûn foar jongfolk en de tredde jûn foar trouden. Op de earste jûn waarden ek de bern útnoege dy’t net op de gymnastyk sieten; se betellen ien dûbeltsje yntree. Op de oare jûnen wie de yntree foar net-leden ien gûne op de jongfolkjûn en 75 sinten op de troudenjûn. Men koe kaarten yn de foarferkeap oanskaffe by it Centrum en dat wie wol nedich, want fol wie fol. Of sa’t op de útnoeging stie: ''kaarten foar de útfiering fan 2 Jannewaris binne foarôf te krijen yn it Centrum op âldjiersdei de middeis fan 2-3. Foar de útfiering fan 6 Jannewaris op sneon de 4e, ek fan 2-3. As der oer binne, ek de jûns oan de seal, mar rekkenje der foaral net op''. In jier letter (1948) koenen je tagelyk mei de foarferkeap ek plak besprekke. Dit koste dan 10 sinten it plak. Men die dit “opdat minsken dy’t graach in goed plakje hawwe wolle, der net in oere fan te foaren wêze moatte".
 
== Befolking ==