Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
nei Eagmaryp
Rigel 85:
Sutelje: je hienen it de hele wike drok, mar it wie wol “gemoedlik”. Je kamen by elkenien thús, hienen je fêste kofjeadreskes, moasten soms even helpe om de wask fan de line te heljen as it begûn te reinen of even helpe de gerdinen op te hingjen. Klusjes dy’t derby hearden. Ein 1974 binne Hoekstra en syn frou ophâlden mei de saak. De klad kaam deryn, it koe finansjeel net mear út. De supermerken kamen op; minsken waarden mobyl en hellen sels harren boadskippen op. Hoekstra koe wurk by Smilde krije en Terkaple-Eagmaryp krige tenei de SRV-bus.
 
;Bommen op Eagmaryp
Yn 1944 waard in Ingelske bommesmiter, dy’t mei syn lading ûnderweis wie nei Dútslân, oansketten en moast werom keare. Fanwege de averij en omdat hy fol net lande mocht, moast hy syn bommen kwyt. Dêrom socht hy in plak dêr’t net in soad minsken wennen en loste syn lading. Dat plak waard Eagmaryp – de Graverij. Ien fan dy bommen is net ûntploft, in saneamde “blyngonger”. Dizze kaam foar yn it hiem fan Leffertstra telâne; doe destiids de pleats fan T. Kaastra. Dêr bleau er al dy jierren lizzen.
 
Doe't der begjin [[21e ieu]] riolearing oanlein waard yn de Graverij wie it fan belang om krekt te witten wêr’t dizze blindganger leit. Sa komt ek it ferhaal fan de bommen wer nei foaren, de bom is yn 2009 ta ûntploffing brocht by de Dolten.
== Mienskip ==
Terkaple hat mei Eagmaryp in feriening foar Pleatslik Belang. It doarp krige yn [[2003]] in nij multyfunksjoneel Sintrum: It Heechein. Meast yn maaie wurdt de "Twa doarpkesdei" hâlden mei faak in rommelmerk, beach-follybal en mei elkoar ite. It doarp hat in camping Maran en in eigen passantehaven. Ek is der in tennisbaan. De kristlike basiskoalle hjit It Twaspan, de Tûzenpoat is it pjutteboartersplak.