Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Ferienings: UTY útfieringsjûn
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 90:
[[Ofbyld:Terkaple 't Centrum om 1941 hinne.jpg|thumb|right|300px|<small>'''t Sintrum om 1941 hinne''</small>]]
Sûnt 2003 is it nije doarpshûs “it Heechein” yn gebrûk, mar foar dy tiid barde alles yn ’t Centrum, it âlde doarpshûs, eigendom fan de herfoarme gemeente Terkaple ca., boud yn 1939.
Begjin [[20e ieu]] wie it kafee fan widdo Schaafsma it plak dêr’t gerakomstengearkomsten en feestjûnen hâlden waarden. (hjoeddedei it wenhûs fan Leendert en Alie Noordmans) Dit pand waard om 1930 hinne oerkocht troch Jan Boukes van Dijk, mar dizze famylje Van Dijk woe wol fan it kafeegedeelte ôf. Sy woenen it ta wenhûs ferbouwe.
Tsjerklike fergaderingen, katechisaasje, jongelingen- en jongedochtersferieningsjûnen waarden altyd hâlden yn de konsistoarje fan de kosterswenning op’e Tsjerkepôle, mar dit wie wat in lytse romte. As Jan Boukes van Dijk ophold mei it kafee, soe der gjin lokaliteit mear wêze, wylst der wol in grut ferlet wie; der wie in ryk ferieningslibben yn dy tiid. De Herfoarme Gemeente besleat doe om sels in doarpshûs te bouwen. Der waard in stik grûn fan de gemeente oankocht (it boartersterrein fan de skoalbern, neist de skoalle) en dêr waard in gebou delsetten troch oannimmer Fabriek. De earste behearders waarden Brugt en Margje Bosma, de âlden fan Janke Lap-Bosma.(lettere behearders wiene: Jan en Ymie Hoornstra, Wim en Annie van Oosterom, Michiel en Itty Driessen, Anne en Tineke Bakker, Wolter en Jenny Zandberg en Ria en Jelle Postma)
Yn it portaal fan ’t Centrum sit in tinkstien. Fan dy tiid ôf waard alles yn ’t Centrum holden: fergaderingen, katechisaasje, jonges- en famkesferienings, de frouljusferiening, de sjongferiening, mar ek brulloftsfeesten, toanieljûnen en sels de gymnastykútfiering.
 
It gebou koe troch in soarte harmonikadoarren yn 3 sealen ferdield wurde; in gruttere seal foaroan wêr’t by de yngongsdoar in lyts barke wie, en 2 lytse sealtsjes. Yn it achterste sealtsje koe in poadium opboud wurde. De toanielspilers ferklaaiden en schminkten har yn de keuken fan de behearder en kamen fia de achterste doar fanút de gang it toaniel op. Sa ek mei de gymnastyk: opstelle yn de gong en troch de achterste doar de seal yn.
Begjin 70er jierren hat der in grutte ferbouwing west. Doe is de oanbou kaam, mei in fêst toaniel, in keamerke derneist om te ferklaaien, húske, en in bar mei keuken derefter. Dat joech in soad mear romte yn de seal en men hoechde noait mear in poadium op te bouwen. Yn de jierren dêrnei moasten der altyd wol wer saken opknapt en fernijd wurde om it gebou up to date te hâlden. Ek doe wie de jildkrapte al in probleem. De frouljusferiening hold dêrom 1x yn it jier in bazaar en de opbringst wie altyd foar it ûnderhâld fan ’t Centrum. Mar úteinlik, nei ± 60 jier, waard it foar tsjerke te djoer om it gebou te ûnderhâlden, om it foldwaan te litten oan alle wetlik stelde easken. It waard ferkocht oan de behearders Ria en Jelle Postma en it nije doarpshûs hat de rol fan ’t Centrum oernommen. Dochs sil mannich ynwenner fan Terkaple-Eagmaryp in bytsje mankelyk werom tinke oan alle optredens en gesellige jûnen dy’t hy of sy hân hat mei in bûnte skoaljûn, de grutte klup of famkesklup “het mosterdzaadje”, de jongereinjûnen, de toanieljûn mei ULD sjongkoar of in karnavalsjûn mei de Arizona Discoshow.
 
=== Ferienings ===