Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Rigel 17:
It doarp krige har namme troch in kapel by it doarp: ''ter kapelle''. Dizze kapel hearde by it tsjerke fan [[Aldeboarn]]. Njonken it tsjerkje út [[1845]] stean in tal moai lizzende pleatsen en der is in karakteristike ophelbrêge (dy't okkerdeis meganisearre is). Hjir stiet ek de pleats [[Oenema state]] mei in byldhoude skou út begjin [[17e ieu]].
 
In bekend tongbrekkersechje is: ''De Terkaplester klok klept trije kear''.
== TsjerkjeSkiednis =='.
=== Tsjerkje ===
[[Ofbyld:Foarrige tsjerkje Terkaple 5.jpg|thumb|right|300px|<small>''Tsjerke Terkaple''</small>]]
[[Ofbyld:Souderskilderingen eardere Tsjerkje Terkaple 6.jpg|thumb|right|300px|<small>''Souderskilderings''</small>]]
Line 43 ⟶ 44:
Ien fan de bekendste “wynmotors” wie de “Hercules”, in grutte wynmoter oan de râne fan de Terkapelster Poel. Dizzy wynmoter waard yn 1904 oanskaft troch in mearderheid fan de “vergadering van eigenaren” û.l.f. Anne G. v.d. Ley, Kornelis S. Bakker en Fokke I. Schaap. Hja wienen net tefreden oer de bemealling troch de grutte wettermole fan Terkaple en richten harren eigen polder op mei eigen bemealling troch in nij fenomeen yn dy tiid: de Amerikaanse wynmoter. Der wienen yn dy tiid noch mar inkele fan dy wynmoters pleatst yn Nederlân. Anne Gerrits v.d. Ley fytste nei Rotterdam om mei de Fa. Stokvis te ûnderhandeljen oer de oanskaf fan sa’n wynmoter. De wynmoter kostte Fl. 3.059,--. Der kaam in spesjale monteur út Dútslân om de wynmoter te ynstallearen. Fa. Stokvis hie sels noch gjin bekwaam personiel foar sa’n put. De wynmoter foldie goed en wie oanmerkelik goedkeaper as de grutte mole. Hy hat 65 jier draaid en waard yn ± 1969 ferfongen troch it elektrysk gemaal fan wetterskip Boarnferd “de Lege Wâlden”, dat op it plak stiet fan de âlde grutte mole.
 
=== Skûtmakkerspôle ===
Op de Skûtmakkerspôle wenne eartiids in skûtmakker: Tjeerd Douwes van der Meulen (* 1804). Hy kaam dêr yn 1837 fanút Terherne mei syn húshâlding te wenjen en begûn in skipshelling. Hy hie in houten [[pream]] dêr’t hy syn, meast boereklanten, mei bydel gie. Yn de pream lei syn skûtmakkersark en materiaal, mar ek in lange, swier houten goate mei in takel en lange sleeptried. By de buorkerij dêr’t in karwei wie, kaam Tjeerd syn pream foar de wâl, waard mei man en macht de swiere goate út de pream helle en dwers op it farwetter opsteld. Dêrnei waard mei help fan de sleeptried en kabel de boat dy’t repareard wurde moast, op de hellinggoate sleept. Dit liket wat omslachtich, mar it wie yn dy tiid handich. De boer koe syn, faak ienichste grutte pream eins net in skoft misse, want de hele bedriuwsfiering gie oer it wetter: fee, molke, hea, dong etc. De skûtmakker wie faak in reizgjende reparateur dy’t by de boeren thús kaam. De boeren hoechden harren boat dan mar ien of twa dagen te missen. <br>
Yn 1872 naam soan Hendrik Tjeerds it bedriuw fan syn heit oer. Yn 1882 kaam der noch in soan by te wenjen: Douwe Tjeerds mei syn gesin. Douwe Tjeerds wie skipstimmerman, arbeider en lytsboer. De helling bleau hjir oant ±1890; Hendrik Tjeerds ferhuze doe nei de Broek en gie dêr fierder mei de helling. Douwe Tjeerds ferhuze yn 1895. De famylje Van der Meulen hat hjoed de dei noch altyd in werf yn Snits: Jachtwerf Joh. van der Meulen.
Line 50 ⟶ 51:
De lêsten dy’t buorken op de Skûtmakkerspôle wienen Wouter en Wiemer Hoekstra. Wouter wenne op de pleats en Wiemer yn it hûs dêrneist. Hja binne der ein sechtiger jierren mei ophâlden doe’t de ruilverkavelingsplannen op’e tafel kamen en der foar harren dêr gjin romte mear wie. It toerisme groeide yn ús kontreien. Foaral de wettersport kaam opsetten. Jan van Schie begûng mei in camping en it ferhieren fan boaten; dit waard al gau trochsetten troch Geert Klosters. Hjoeddedei, sa’n 40 jier letter, bestiet de camping noch altyd, mar lizze der alwer nije plannen foar de Skûtmakkerspôle.
 
=== It hege wetter yn de winter fan 1965/1966 ===
Yn de winter fan 1965/1966 stie Terkaple/Eagmaryp hast hielendal ûnder wetter. In soad bûtlân dat eartiids foar wetteropslach brûkt waard yn wiete tiden, wie ynpoldere en koe troch moderne gemalen reedlik fluch leechmeald wurde. It boezempeil gie dêrtroch hurder omheech. It gemaal by [[De Lemmer]], [[Teakesyl]] koe al dit wetter net hurd genôch ferwurkje en it gemaal by [[Starum]] bestie noch net. Trochdat it yn de hjerst fan 1965 bot reinde, rûnen dêrtroch polders ûnder wetter en kamen Terkaple, Goaiingaryp en in part fan Eagmaryp as eilantsjes yn in see fan wetter te lizzen. Fan Snits oant foarby Terkaple wie ien grutte see ûntstien. Snitser Mar en Goaiingariper Poel wienen net mear te ûnderskieden fan it lân.
 
Line 61 ⟶ 62:
“steeds dieper zakken de polders onder het water en de ene polder na de andere komt gelijk met het boezempeil. In Terkaple spoelt het water om de huizen. De kelders lopen vol. De schuurtjes achter de woningen staan blank met soms wel een halve meter water. Om in de huizen te komen hebben de bewoners lange planken op grote stenen gelegd. Door het steeds verder inlopen van de polders is de weg in Terkaple over een afstand van ruimt veertig meter geheel overspoeld. Er loopt niet meer water overheen zoals een eindje verderop, maar het water staat gewoon 10 tot 30cm op de weg. De gemeente Utingeradeel heeft er een lange houten vlonder bij langs gelegd. Voor de voetgangers en de fietsers. De auto’s kunnen er, voor zover ze een ontheffing hebben van het rijverbod langs de weg Terhorne-Akmarijp en de weg Akmarijp-Goingarijp, nog wel door rijden. Een NTM-chauffeur achtte het gistermorgen niet langer verantwoord er met de bus over het overstroomde weggedeelte te rijden. De bussen reden later weer”.
 
=== Skoalle ===
[[Ofbyld:Kristlike skoalle Terkaple 1930.jpg|thumb|right|300px|<small>''Skoalle fan Terkaple yn 1930''</small>]]
Oer de skoalle fan Terkaple is mear bekend as fan Eagmaryp. Dit komt omdat fan de tsjerklike kombinaasje de dûmny yn Terkaple stie/wenne; dêr wie dus in fêste skoalmaster. Dizze man wie tagelyk ek koster en foarsjonger yn beide tsjerken, yn de fan Terkaple en dy fan Eagmaryp. Yn Eagmaryp wie allinnich skoalle as ien dit dwaan woe. Dyjinge waard dan troch de tsjerkefâdij oansteld. Ek wurde noch in pear doarpsjochters neamd. Dit wurk waard faak dien troch in skoalmaster, bygelyks Riemer Clasen dy't yn 1700 “ontvanger en dorpsrechter” wie. Fan Terkaple binne mear minsken bekend dy 't skoalmaster wienen, ûnder oare de melding út it lidmatenboek fan de tsjerke: ''den 2e Jan. 1672 is Trijntje Willems, huisvrouw van Tjepke Riemers, schooldienaar in Capla, versturven. Den 18en Sept. 1675 is Tjepke Riemers,schooldienaar ende dorprechter in Capla versturven''.
In oar stikje giet oer de ynkomsten fan skoalmaster Rodmer Rodmers fan Wijngaarden. Hy wie fan 1798 ôf skoalmaster yn Terkaple. Yn 1817 gienen der mar 13 nern nei skoalle ta. It traktemint wie fl. 80,- fan it doarp en fl. 85,- fan de tsjerke. Boppedat wie Rodmer fjildwachter dêr't er nochris fl. 60,- mei fertsjinne. Yn 1844 waard der in nije skoalle boud op de Tsjerkepôle fan Terkaple. Der wie doe in 20-tal learlingen dy't elk fearnsjier 30 sinten skoaljild betellen. De tsjerke betelle doe fl. 100,- foar it kosterjen en foarsjongen, de gemeente betelle fl. 80,- + frij wenjen. Yn 1881 waard troch de gemeenterie besluten ta ''stichting van een nieuwe school met woning te Akmarijp en onttrekking aan den publieken dienst der oude school te Terkaple. Den 11en Juli 1881 werd deze nieuwbouw aanbesteed voor fl. 11.391,-''. Dit wie dus in iepenbiere skoalle. Yn 1912 kaam der ek in kristlike skoalle by. Der wiene doe twa legere skoallen foar in hânfol bern. Beide skoallen hawwe neist elkoar bestien oant 1 july 1934. Doe is de iepenbiere skoalle opheft troch Deputearre Steaten en gienen Terkaple en Eagmaryp fierder mei 1 skoalle. By it 25-jierrich bestean fan dit gebou krigen de learlingen bygeande foto.
 
=== Middenstân om 1930 hinne ===
[[Ofbyld:Terkaple 1930 smidderij fan Vledder.jpg|thumb|right|300px|<small>''Smidderij fan Vledder, ± 1930''</small>]]
Yn it “algemeen adressenboek van de Provincie Friesland” út 1928 steane per doarp de nammen fan de minsken dy’t der wennen mei harren húsnûmer en harren berop.
Line 77 ⟶ 78:
Op snein waard der yn prinsipe neat ferhandele. Dat wie al sa sûnt de ynwenners fan Terkaple Eagmaryp yn 1902 in list tekenen om op snein net mear te keapjen en ferkeapjen. Op dizze list steane sa’n 80 nammen fan ynwenners dy’t ûnder lieding fan dûmny. H.F. de Puy de folgjende tekst ûndertekenen:
''Ondergeteekenden, ingezetenen van Terkaple en Akmarijp, overtuigd dat, zoowel uit godsdienstige als uit maatschappelijk oogpunt beschouwd de handhaving der zondagsrust vele voordeelen biedt en derhalve zooveel mogelijk dient te worden bevorderd, verklaren voortaan des Zondags niet te zullen koopen of verkoopen (behalve in uiterst noodzakelijke gevallen) opdat ieder zooveel als mogelijk is van den rustdag zal kunnen genieten''.
;Sutelje
Klaas Hoekstra hat hast syn hiele beropslibben grienteman west, krekt as syn heit en sutele dus altyd by de doarren lâns. Syn âlden trouden yn 1923 en kamen yn Terkaple te wenjen op Buorren 19, it hûs dêr’t Hoekstra sels letter ek wenne mei syn húshâlding. Heit hie al griente ferkocht foar syn trouwen en sette dat no troch yn Terkaple. Hy sutele de griente út mei de roeiskou yn De Broek en Goaiingaryp en mei de hûnekarre yn Terkaple-Eagmaryp. It wie in drege put om mei in skou fol griente nei Goaiingaryp of De Broek te roeien. It wie dan ek in hele ferlichting dat der nei sa’n 10 jier in motor achter de skou kaam.
Ek de hûnekarre wie in heel o-heden. De hûn luts de karre; dit wie swier foar it bist. Hy gyng dan ek mar sa’n 2-3 jier mei, dan wie der fersliten. Dizze karrehûnen moasten elk jier keurd wurde troch in feearts. Waard de hûn ôfkard, dan waard hy fersûpt (spuitsjes waarden noch net jûn). Dat wie heel moeilik, want it bist wie leaf en hie altyd syn wurk dien, mar je koenen him net oanhâlde. It wie je brea. Der moast in nije hûn komme út Donkerbroek, want dêr siet in fokker fan spesjale karrehûnen. Sa binne der sa’n 4 hûnen brûkt. Dêrnei kaam de bakfyts. Hoekstra moast as âldste soan syn heit altyd helpe en groeide sa automatysk yn it berop fan grienteman. Heit en soan hellen mei de skou de griente fan de Jouster feiling; letter út Snits.
Line 120 ⟶ 121:
Men begûng op tiid: “wy wolle jimme tige oantrúnje om op tiid te kommen. It begjint klokslach healwei achten en wy binne absolút net fan plan te wachtsjen op minsken dy dan noch ûnderweis binne. Tusken de nûmers yn kinne er guods talitten wurde, mar ûnder de nûmers binne de doarren foar elts sluten”.
 
=== Befolking ===
*[[1954]] - 206
*[[1959]] - 191