Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
opmaak
Rigel 18:
 
In bekend tongbrekkersechje is: ''De Terkaplester klok klept trije kear'
 
== Skiednis =='.
=== Tsjerkje ===
[[Ofbyld:Foarrige tsjerkje Terkaple 5.jpg|thumb|rightleft|300px250px|<small>''Tsjerke Terkaple''</small>]]
[[Ofbyld:Souderskilderingen eardere Tsjerkje Terkaple 6.jpg|thumb|right|300px|<small>''Souderskilderings''</small>]]
It tsjerke dat foar it hjoeddeiske tsjerksje stien hat wie fan [[dowestien]] en moat om 1200 hinne boud wêze. It is net wis oft dit it kapeltsje wie dêr't Terkaple syn namme troch krigen hat. Yn âlde geskriften en op kaarten wurdt Terkaple ek wol “Capella” neamd. De kapel wie wijd oan de [[patroanhillige]] Margaretha. In patroanhillige koe oanroppen wurde yn gefal fan rampen of om help te ferlienen. Op de klok dy't no noch yn it tsjerkje hinget stie: ''bid voor ons, zalige, heilige Margaretha; de Heer Eema, pastoor toen ter tijd, Tjepke, ingezeten, in het jaar des Heeren 1472''.
Line 28 ⟶ 29:
Terkaple. Harren famyljewapens stienen ek ôfbylde op de souderskilderings, krektas de wapens fan Fryslân en oare meibetellers lykas de famyljes Jongema, Galama en Walta. Harren nammen steane boppedat noch op de grêfstiennen yn de flier flier fan de tsjerke. Dizze grêfstiennen leinen ek al yn de âlde tsjerke. De grutste stien is fan Douwe fan Roorda en syn frou Elisabeth de Borghreef (1610). In oare stien komt út 1570 mei de namme fan Kempo van Oenema der op en ''anno 1533 den 21 augusti sterf die eedele juffrou Doutye van Oenema''. De âldste stien dy't hjir lizze moat, mar net te sjen is (hy leit nei alle gedachten ûnder de flier by de preekstoel), stamt út [[1485]], hat de foarm fan in deakiste mei as opskrift: ''in het jaar ons Heren 1485 do staerf Tyepke Onamen, op Maydey. Biddet foer die syel en Pater noster''. De Terkaplester tsjerke waard yn 1854 ôfbrutsen omdat er te djoer yn ûnderhâld waard. In adfertinsje út de [[Ljouwerter Krante]] fan 21 april 1854 seit: “uit de hand te
koop: eene aanzienlijke partij tufsteen, ongeveer 70 last grof wrak en 20 last fijne keizel, liggende te Terkaple, geschikt om te water vervoerd te worden. Te bevragen bij J.H. Hilverda te Terkaple''.
== Moles fan Terkaple ==
[[Ofbyld:Moune Hearresyl yn Terkaple.jpg|thumb|right|300px|<small>''Moune Hearresyl''</small>]]
[[Ofbyld:Moune Terkaple-Eagmaryp 001.jpg|thumb|right|300px|<small>''Moune Terkaple/Eagmaryp''</small>]]
[[Ofbyld:Eagmaryp pleats fan Sipkema.jpg|thumb|right|300px|<small>''Pleats fan Sinnema''</small>]]
 
== Moles fan Terkaple ==
De grutte mole stie op it plak dêr’t no it elektrysk gemaal “de Lege Wâlden” stiet, tusken fam. H. Sterk en J. v.d. Ley oan de Oenemawei. De mole wie boud yn [[1851]] foar bemealling fan de Opsterlandschen Veenpolder yn [[Tsjalbert]], mar doe’t men dêr in gemaal krige is de mole ôfbrutsen en yn [[1884]] yn Terkaple wer opboud. De mole moast de “Heerenzijl Polder” droech hâlde. Dizze polder lei tusken Terkaple en Goaiingaryp yn. Yn de mole siet in stien mei ynskripsje dêr’t op stie:
''de polder Heeringzijl onder Goingarijp en Terkaple opgericht en de molen gebouwd in den jaren 1884 onder het bestuur van T.W. Westerterp, H.R. Rijpkema, W.S. Peekema''. Dizze stien is bewarre bleaun en leit no achterhûs by fam.G. Kramer, Buorren 2. De mole op de ûnderste foto wie folle lytser en stie neist it hûs fan Pier Brouwer en Cobi Veldman op’e Pôle fan Terkaple, oan de râne fan de Bumapôle.
 
De mounder Oene Portijk ferhuze mei fan Tsjalbert nei Terkaple. De grutte mole hie in kundich mounder nedich en dizze Portijk koe de mole as gjin oar fansels. Syn neiteam wenne letter yn it hûs fan G. Klosters oan de Oenemawei foar fam. Hotse Bakker oer. De mole waard lykwols net al te goed ûnderhâlden, sadat de polder dochs noch wolris blank kaam te stean. Dit ûndanks de grutte wetterkapasiteit fan de mole. Ek waard der in tal jierren letter in Amerikaanse wynmoter boud oan de râne fan de Terkapelster Poel, hiel wat nijs yn dy tiid, dat doe ferlear de grutte mole syn belangrike funksje. De wynmoter blykte ek goedkeaper yn gebrûk te wezen.
[[Ofbyld:Eagmaryp pleats fan Sipkema.jpg|thumb|right|300px|<small>''Pleats fan Sinnema''</small>]]
Oan 1921 ta hat der in mounder wenne yn de mole, mar dêrnei wie it dien. De mole fertutearze en is úteinlik yn [[1935]] ôfbrutsen. De boargemaster fan Utingeradiel hat noch besocht de mole ûnder te bringen by de feriening “de Hollandsche Molen” om him sa te bewarjen, mar it holp net. Ek doe wie der al in soad jildkrapte foar dizze saken. Dizze mole bemealde it lân fan Sipkema’s pleats (no de ôfbaarnde pleats Pyt Kamstra, Fjildwei); net allinne de Buma-pôle en it lân dêrachter, mar ek in stik lân oan de oare kant fan de sleat (no Sinnemapolder). Der siet in dûker ûnder de sleat troch en in barte/set der oerhinne. Men moast nammentlik mei hynder en wein yn it lân komme kinne. Wie men klear yn it lân, dan moast it set wer oan’e kant, want de sleat wie iepenbier wetter en de skipfeart moast trochgean kinne. Men moast by de oare huzen komme kinne, û.o. de buorkery wer’t no Germ Hooisma wennet.