Albert Sustring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
kou
[[]]
Rigel 1:
'''Albertus Martein Sustring''', ( [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[14 july]] [[1903]] - [[Snits (stêd)|Snits]], [[19 septimber]] [[2001]] ), wie goud- en sulversmid, lid fan it [[Kristlik Frysk Selskip]], lid fan de Snitser skientmekommisje en earefoarsitter fan it bestjoer fan it [[Frysk Skipfeartmuseum]] yn Snits.
 
Soan fan goudsmid Josephus Hendrik Sustring en Akke Johannes Ykema, troud mei Grietje Sytsma (*1999).
Skreau yn [[1948]] ûnder [[skûlnamme]] de brosjuere 'Friesland op de Tweesprong', dy't in soad alteraasje joech troch de wjeraksel fan de skriuwer tsjin de Haachske amtnerij yn Fryske oangelegenheden. ( "De staatkundige verhouding tussen Friesland en Holland deugt niet" ). Wie fan [[1948]] oant ± 1972, neist [[Eeltsje Boates Folkertsma]], ien fan de oprjochters en lieders fan it [[Striidboun Fryslân Frij]] (1948-1977).
 
As foarsitter (1951-1975) warber foar it Frysk Skipfeart Museum en Aldheidkeamer yn Snits. Krige hjirfoar yn [[1963]] de sulveren museumpeinje. It Snitser Skipfeartmuseum hat yn [[2002]] út syn neilittenskip in monumintaal wenhûs oan it Lytssân en in jildbedrach urven.