Terkaple: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto's fersetten
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 37:
=== Oenemastins ===
[[Ofbyld:Terkaple Skoarstienmantel Roordastins 5.jpg|thumb|right|300px|<small>''Skoarstienmantel Roordastins''</small>]]
Oan de oare kant fan de tsjerke, de noardside, stie yn de midsieuwen in stins. Oan dy stins binne de nammen Oenema en Roorda ferbûn. De nammen steane noch op de grêfstienen yn de tsjerke en yn de pleats noardlik fan de tsjerke. Yn de opkeamer fan de pleats is in skoarstienmatel dy't oarspronklik yn de stins stien hawwe sil. Op dy mantel seane de nammen fan Roorda’s. De skoarstienmantel is 2 meter breed en rêst op 2 pylders fan 2 meter heech! Boppe de trije beitele koppen, dy't allegearre ûngelyk binne, steane trije pear wapenboerden útkapt mei de namennammen: Jr. van Roerda Jvr. Elisabeth de Borgreeff (midden boppe)
Roerda-Ziaerda(Tjaarda) Borgreeff-van d Eemst (linksûnder) (rjochtsûnder).
De nammen fan it middelste wapenboerd binne de bewenners fan de stins. De nmamennammen by de linker
boerden sille de âlden fan Jonker Douwe fan Roorda west hawwe en dy by de rjochter boerden de âlden fan Jonkfrou Elisabeth de Borgreeff.