Albert Sustring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 3:
'''Albertus Martein Sustring''', ( [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[14 july]] [[1903]] - [[Snits (stêd)|Snits]], [[19 septimber]] [[2001]] ), wie goud- en sulversmid, lid fan it [[Kristlik Frysk Selskip]], lid fan de Snitser skientmekommisje. As foarsitter (1951-1975) warber foar it Frysk Skipfeart Museum en Aldheidkeamer yn Snits. Krige hjirfoar yn [[1963]] de sulveren museumpeinje. Waard earefoarsitter fan it bestjoer fan it [[Frysk Skipfeartmuseum]]. It Snitser Skipfeartmuseum hat yn [[2002]] út syn neilittenskip in monumintaal wenhûs oan it Lytssân en in jildbedrach urven. Neist tiid foar syn saaklike aktiviteiten en syn aktiviteiten op maatskiplik en kultureel gebiet fûn er ek tiid om te sporten. Hy sylde yn syn Pampus, roeide, tenniste en bokste.
== Sulversmid ==
De keuze foar it goud- en sulversmidsfak waard foar Sustring bepaald troch de famyljetradysje. Syn oerpake Albertus Martein Sustring (Snits 1804-1874), troud mei Sjoerdtje Ypes Schotanus (Snits 1803-1880), wie al sulversmid yn Snits, krektas de lykneamde pake Albertus Martein Sustring (Snits 1849-1931), troud mei de Ljouwerter sulversmidsdochter Maaike Bolman (Ljouwert 1852-Snits 1911). Heit Josephus Hendrik Sustring (Snits 1874-Ljouwert 1927) luts mei syn frou, de [[De Gaastmar|Gaastmarder]]der boeredochter Akke Johannes Ykema ([[Hieslum]], 1880 - Ljouwert, 1929), nei Ljouwert om him dêr op de Nijstêd as goud- en sulversmid te fêstigjen. As goud- en sulversmid en hie er fan 1928 ôf yn Ljouwert op de Nijstêd syn famyljesaak S. Bolman & Co as opfolger fan syn heit Josephus Hendrik Sustring. Yn 1938 waard de hy direkteur-eigener fan de Snitser Firma Johannes Schijfsma NV, in fabryk en gruthannel yn gouden en sulveren wurken. Earder hie hy syn oplieding as goud- en sulversmid hân yn [[Schoonhoven]] en yn Dútslân yn Hanau en Pforzheim.
 
Yn 1931 boaske Albertus Martein Sustring yn Snits mei Grietje Sytsma ([[Ealsum]], [[8 novimber]] [[1904]] - Snits, [[30 desimber]] [[1999]]). It houlik mei dizze dochter fan de heareboer en lettere boargemaster fan [[West -Dongeradiel]] Sijds Lieuwes Sytsma, duorre 68 jier.
 
Yn 1931 boaske Albertus Martein Sustring yn Snits mei Grietje Sytsma (Ealsum, [[8 novimber]] [[1904]] - Snits, [[30 desimber]] [[1999]]). It houlik mei dizze dochter fan de heareboer en lettere boargemaster fan West Dongeradiel Sijds Lieuwes Sytsma, duorre 68 jier.
== Frysk ==
Skreau yn [[1948]] ûnder [[skûlnamme]] de brosjuere ''Friesland op de Tweesprong'', dy't in soad alteraasje joech troch de wjeraksel fan de skriuwer tsjin de Haachske amtnerij yn Fryske oangelegenheden. ( "De staatkundige verhouding tussen Friesland en Holland deugt niet" ). Wie fan [[1948]] oant ± 1972, neist [[Eeltsje Boates Folkertsma]], ien fan de oprjochters en lieders fan it [[Striidboun Fryslân Frij]] (1948-1977). Sustring hearde ta de oprjochters fan de Keunst- en Kunstniverheidsskoalle Vredeman de Vries yn Ljouwert. Yn 1947 rjochte hy, ûnder oaren mei [[Eeltsje Boates Folkertsma]] en dr. [[Tony Feitsma]], It Striidbûn Fryslân Frij op.