Marthinus Wessel Pretorius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Jelle (oerlis | bydragen)
L Nije Side: thumb|250px|right| De inskripsje op syn stien '''Marthinus Wessel Pretorius''' (Graaff-Reinet, 17 septimber 1819 - Potchefstroom, [[19 maa...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 15 jun 2010 om 00.11

Marthinus Wessel Pretorius (Graaff-Reinet, 17 septimber 1819 - Potchefstroom, 19 maaie 1901) wie de earste presidint fan de Súdafrikaanske Republyk.

De inskripsje op syn stien

Pretorius hat de grûnwet fan de Súd Afrikaanske republyk opsteld en de stêd Pretoria stifte. Dit plak hat hy syn heit Andries Pretorius ferneamd, de doetiidske lieder fan de foartrekkers.

Pretorius wie tusken 1853 en 1856 it lêste haad fan de steat fan Potchefstroom. Dêrnei waard hy fan 1857 oant 1860, en fan 1864 oant 1871 de earste presidint fan de Súd-Afrikaanske republyk. Fan 1859 oant 1863 wie hy presidint fan de Oranje Frijsteat. Fierder wie hy fan 1880 oant 1883 ek meisteatshaad fan Transvaal. Pretorius wie de âldste soan fan Andries Pretorius en Christina Petronelle de Wit. Op 19 desimber troude hy mei Alleta Magdela Smit.

Doe’t Pretorius syn heit op 23 july 1853 ferstoar folge hy him op as kommandantgeneraal fan it distrikt Potchefstroom en Rustenburg. Yn dizze rol sette hy de tinzen fan syn heit troch en dat wie de feriening fan alle Boeren.