Rottumereach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
red. en sa
Rigel 1:
[[Ofbyld:Rottumeroog_Rottumerplaat_6.53663E_53.54001N.jpg|thumb|right|<small>Rottumereach (twadde fan rjochts)</small>]]
'''Rottumereach''' is in Grinslanner waadeilân dat ek wol oantsjutten wurdt mei ''Rottum''. It heart ta de [[Eemsmond|gemeente Eemsmond]]. De namme Rottumereach betsjut: Eilân (each) fan [[Rottum (Eemsmond)|Rottum]]. It eilân wie nammentlik ea foar twa tredde yn besit fan it destiidske [[kleaster]] Sint Juliana yn dat doarp.
 
Ten noarden grinzet it oan de [[Noardsee]] en ten suden oan de [[Waadsee]]. Ten westen leit [[Rottumerplaat]] en ten easten [[Borkum]]. It eilân is, tegearre mei Rottumerplaat en de [[Suderdúntsjes]] (in lyts resteilantsje ten suden fan Rottumereach), beskerme natoergebiet en falt ûnder de strangste wetlike bepalingen fan de [[Natoerbeskermingswet]] (kêst 17). Rottumereach en Rottumerplaat wurde beide mienskiplik beheard troch [[Rykswettersteat]], [[Steatsboskbehear]] en it Ministearje fan Lânbou, Natoerbehear en Fiedselkwaliteit. De beide eilannen binne net frij tagonklik en yn de simmerperioade wurdewurden Rottumereach en Rottumerplaat bewenne troch fûgelwachters. Yn it foar- en neijier wurdt in beperkt oantal ekskurzjes organisearre nei Rottumereach.
 
Op it eilân stiet in âlde, út [[1883]] stammende [[jitizer]]en [[kaap]], dy't ea as [[navigaasjebeaken]] foar seefarders tsjinst dien hat. De wyls nutteleas wurden en yn ferfal rekke kaap waard yn [[1986]] erkend as ryksmonumint en waard yn 1989 heielelndalhielendal ôfbrutsen, op de fêste wâl folslein restaurearre, wer nei Rottumereach transportearre en yn 1990 op it âlde stee wer opboud.
 
== Skiednis ==
Rigel 11:
Meidat ''it Skyl'', de geul tusken Rottumereach en [[Skiermûntseach]], him yn de loop fan de tiid ferlei, ferhuze ek it eilân hieltiten mear nei it easten ta. Dizze ferpleatsing giet no ek noch troch. De wenning fan de foud is dan ek meardere kearen fersetten. De ferpleatsing fan de eilannen kin illustrearre wurde troch it feit dat it eilân Rottumerplaat yn 2008 ûngefear op it plak leit dêr't Rottumereach sa'n twahûndert jier ferlyn lei.
 
De lêste foud, Jan Toxopeus, ferliet it eilân yn [[1965]]. Fan dat momint ôf wie inii ûnbewenne en waard troch Rykswettersteat ûnderhâld dien om ôfslach fan it eilân te kearen. Dit ûnderhâld bestie benammen út it delsetten fan [[riishout]]skermen en it poatsjen fan [[helmgers]], krektas it setten en underhâlden fan betonnen en stiennen beskermingskonstruksjes op kritike punten. Yn de looprin fan de jierren '80 feroare de fyzje fan de oerheid op it gebiet, wat yn 1991 resultearre yn it beslút fan [[Rykswettersteat]] om gjin ûnderhâld mear te dawwandwaan oan it eilân. Dit oan de natoer oerlitten fan it eilân betsjut dat de krêften fan de natoernatoerkrêften de takomst fan it eilân bepale, wat der nei alle gedachten op delkomme sil dat it eilân binnenyn in pear desennia ferdwine sil yn de djippe geulIems ten easten fan it eilân. Dit foarútsjoch resultearre yn 1991 yn de besetting fan it eilân troch Hendrik Toxopeus, de soan fan de lêste foud Jan Toxopeus. Troch de diskusjes dy't dêrnei yn de media waard in behearsplan foar Rottumereach en Rottumerplaat opsteld, wêrby't allinnich oan Rottumereach noch yn beperkte mate ûnderhâld dien waard. Op Rottumerplaat bleau it wurk beperkt ta it oprêden fan oanspielde rommel.
 
[[Ofbyld:Rottumeroogpanorama.png|thumb|500px800px|<small>Trije boppe elkoar montearde panoramafoto's fan Rottumereach út respetivelik 1970, 1985 en 1998. Alle foto's binne makke út it observaasjetuorke wei fan de âlde (wyls sloopte) foudswente op Rottumereach. Goed is noch dte sjen hoe't de foarm fan it eilân yn de rin fan de jierren feroaret. De metalen konstruksje is in [[Kaap (skipsbeaken)|kaap]].</small>]]
 
Yn [[1998]] hat der in soad dúnôfslach west oan de noardwestside fan it eilân. Om it hûs fan de lêste foud net in proai fan de weagen wurde te litten is oan'e ein fan it jier it âlde foudshûs ôfbrutsen troch Rykswettersteat. As ferfangende behuzing binne in oantal keten delsetendelsetten. Ek de kaap, in gesichtsbepalend kenmerk fan it eilân, is koart dêrnei, yn it neijier fan 1999, 150 meter súdwertssúdoan fersetten omdat dizze troch alle dúnôfslach hast op it strân komd wie te stean. Om skea oan de kwetsbere natoer foar te foarkommenkommen is dêrby in omwei fan sa'n twa kilometer makke. Ek it fûgelwachtershûs op Rottumereach is wyls ôfbrutsen.
 
Mei trochdat it ûnderhâld, datdêr't nei de besetting fan it eilân wer opstartenmei útein set wie, neat úthelle hie tsjin de grutte ôfslach oan de ein fan de jierren '90, is yn 2002 besluten om ek op Rottumereach allinnich noch twarres jiers de oanspielde rommel op te rêden. Dit skjinmeitsjen wurdt dien troch frijwilligers ûnder lieding fan in meiwurker fan Rykswettersteat. Dêrneist wurde by inkele lytse geulen foarom it oanlânjen folgje te kinnen prikken setten.
 
{{boarnen|boarnefernijing=