Gnostyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
De gnostyk as kristlike streaming is op 'e nij yn de belangstelling kommen te stean troch de fynst fan 52 gnostiske skriften by [[Nag Hammady]] yn [[Egypte]], yn [[1945]]. Foar dizze fynst wienen tsjerkehistoarisy meastentiids fan betinken dat de gnostyk beskôge wurde moast as [[ketterij]], wat der op del kaam dat it in ôfwiking wie fan de haadstream fan it [[kristendom]]. Lykwols geane tsjintwurdige [[histoarikus|histoarisy]] hieltyd mear oer om de gnostyk in foaroansteande posysje te jaan yn de wurdingsskiednis fan it iere kristendom.
 
== Kearntema ==
It kearntema fan de gnostyk hâldt yn dat de minske alhiel ferjitten is wat er yn werklikheid is. [[Jesus Kristus|Jesus]] spilet yn de gnostyske teksten in folslein oare rol as yn it tradysjonele kristendom. Yn de gnostyk is Jezus in boadskipper dy't de minske opropt himsels te herinnerjen.
 
Rigel 9:
 
In soad gnostyske teksten skriuwe dat Jezus foarstanner wie foar in radikale breuk mei it godsbyld fan it [[Alde Testamint]]. De god fan leafde wêr't Jezus it oer hie koe ûnmooglik deselde wêze as de wraakzuchtige en wrede God út it Alde Testamint, leare dizze teksten. Froulju hienen yn de gnostyske mienskippen in lykweardige posysje oan manlju en koenen ek sakramintele funksjes útoefenje.
[[Kategory:Kristendom]]