Jacques Monasch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
...... op i
Rigel 2:
==Biografy==
Monasch brocht in part fan syn jeugd troch yn [[Etioopje]], [[Tanzania]] en [[Drachten]] (syn heit S. Monasch wie sjirurch yn dy lannen en bedarre dêrnei yn [[sikehûs]] Nij Smellinghe). Hy studearre [[Bestjoerskunde]] yn [[Grins (stêd)|Grins]] en [[Politike ekonomy]] oan de Universiteit fan Essex yn [[Grut-Brittanje]].<br>
Nei syn tsjinsttiid by de [[Keninklike Marine]] wie Jacques Monasch yn 1989 oan’t wurk by it direktoraat-generaal fan de [[Ryksbegrutting]] fan it [[Ministearje fan Finansjen]]. Yn 1990 waard er [[fraksjefoarsitter]] fan de PvdA yn it Amsterdamske stêdsdiel 'de Pijp'. Neikommend waard er by de [[Wiardi Beckman Stichting]], it wittenskiplik buro fan de PvdA, as sekretaris fan it Sintrum foar Lokaal Bestjoer oansteld. Yn de jierren 1990 arbeide Monasch ek ferskate kearen as adviseur foar it [[Afrikaansk Nasjonaal Kongres|ANC]] yn [[Súd-Afrika]]. It bûtenlânynstitút fan de Amerikaanse [[Demokratyske Partij]] stjoerde út him as lannedirekteur yn [[Oekraïne]] en letter yn [[Ruslân]].
 
Sûnt 1993 beklaaide Monasch úienrinnendeútienrinnende funksjes op it lanlik buro fan de Partij fan de Arbeid en ek by de Twadde Keamerfraksje yn [[Den Haach]]. Hy wie belutsen by ferskate ferkiezingskampanjes fan de partij, sa as ''"Kies Kok"'' yn de oanrin nei de Twadde Keamerferkiezings fan 1994 en by de kampanje fan 2002 wie er kampanjelieder. Oer de lêste kampanje dy’t min betearde foar de PvdA skreau er letter it boek ''"De strijd om de macht, politieke campagnes, idealen en intriges"''.
 
Uit argewaasje mei it Kabinet-Balkenende IV en de rol fan de PvdA dêryn skreau Monasch yn juny 2007 it manifest ''"7 nieuwe veren- een einde aan de onduidelijkheid"''. Yn augustus 2007 wie er mei-oprjochter fan de beweging 'Rooie Veren', dy’t in dúdlik sosjaaldemokratuske koers fan de PvdA hawwe woe. Yn 2008 waard er gadingmakker foar it listlûkerskip fan de PvdA by de Europeeske Parlemintsferkiezingen 2009. Monasch moast lykwols belies jaan oan sittend Europarlemintslid [[Thijs Berman]].