Sumar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
stikje skiednis
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
tsjerken
Rigel 2:
'''Sumar''' is in doarp yn de gemeente [[Tytsjerksteradiel]], súd fan [[Burgum]] en leit sa'n twa kilometer súdwestlik de [[Burgumer Mar]]. It doarp hat likernôch 1.425 ynwenners (2006). Under Sumar falle de buorskippen [[Sumarreheide]] en [[De Harste]]. De namme komt fan besuden de (Burgumer) Mar dêr't in sânrêch lei. East fan it tsjerke binne bewenningsresten út de [[12e ieu]] fûn. Yn in ferdrach mei Grins wurdt de namme Sumar yn 1447 foar it earst neamd. De dorpstsjerke út (1769) is it âldste gebou fan Sumar.
== Skiednis ==
Yn de prehistoarje wie it in gebiet mei rûntrekkende jagers en samlers. Der waard op wyld jage en fruchten, beien en knollen samle. Spoaren fan dizze jagers-samlers binne fûn oan de ouwers fan de Burgumer Mar mar ek tichtby Sumar. Spoaren fan permaninte bewenning binne ûnder oare fûn yn 1994 by de oanlis fan de Koekoekswei (flakby de Iestwei). Spoaren yn it s6an joegen de kontoeren te sjen fan in skuorre dy 't dêr om 1200 stien hawwe maotmoat.
;Bebouwing
Oant ± 1850 wie Sumar in boeredoarp. Yn dizze ieu waard ek de heide besuden it doarp ûntgûn en ûntstie Sumarreheide. Yn it earstoan stienen der [[spitkeetspitketen]], letter kamen der ek stienen arbeidershúskes en lytse boerespultsjes. By de ûntginning fan de heide spile boer Jelke Sjoerds Hoekstra in grutte rol. Nei him is in sânpaad neamd, besuden it doarp. Dêroan is noch te sjen hoe't de wegen om Sumar hinne der út seagen, al binne se no ferhurde.
;Tsjerke
De yn 1769 boude doarpstsjerke oan de grutte Buorren is de opfolger fan in koart dêrfoar ôfbrutsen tsjerke. Wer dêrfoar hat der nei alle gedachten in houten tsjerkje stien. It bewenne gebiet fan Sumar lei doe in stik noardeastliker, dêrtroch stiet de tsjerke net yn de midden, mar krekt oan de noardeastside fan it hjoeddeiske doarp. Oan de Hearewei stiet de (eardere) grifformearde tsjerke, de lêste tsjerketsjinst wie op 13 febrewaris 2005. It gebou wurdt no bewenne. Foargonger Joute van der Meer lei op 5 oktober 1911 de earste stien. Nei him is op Sumarreheide in wei neamd. Ek oan de Hearewei (ticht de Tike) hat oant ± 1925 noch in gebou stien dat as tsjerke brûkt waard. Yn 20019 wurde allinnich noch tsjerketsjinsten hâld yn de Doarpstsjerke yn it doarp.
 
== Mienskip ==