Sumar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
tsjerken
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 4:
Yn de prehistoarje wie it in gebiet mei rûntrekkende jagers en samlers. Der waard op wyld jage en fruchten, beien en knollen samle. Spoaren fan dizze jagers-samlers binne fûn oan de ouwers fan de Burgumer Mar mar ek tichtby Sumar. Spoaren fan permaninte bewenning binne ûnder oare fûn yn 1994 by de oanlis fan de Koekoekswei (flakby de Iestwei). Spoaren yn it s6an joegen de kontoeren te sjen fan in skuorre dy 't dêr om 1200 stien hawwe moat.
;Bebouwing
Oant ± 1850 wie Sumar in boeredoarp. Yn dizze ieu waard ek de heide besuden it doarp ûntgûn en ûntstie Sumarreheide. Yn it earstoan stienen der [[spitkeetspitketenspitkeet|spitketen]], letter kamen der ek stienen arbeidershúskes en lytse boerespultsjes. By de ûntginning fan de heide spile boer Jelke Sjoerds Hoekstra in grutte rol. Nei him is in sânpaad neamd, besuden it doarp. Dêroan is noch te sjen hoe't de wegen om Sumar hinne der út seagen, al binne se no ferhurde.
;Tsjerke
De yn 1769 boude doarpstsjerke oan de grutte Buorren is de opfolger fan in koart dêrfoar ôfbrutsen tsjerke. Wer dêrfoar hat der nei alle gedachten in houten tsjerkje stien. It bewenne gebiet fan Sumar lei doe in stik noardeastliker, dêrtroch stiet de tsjerke net yn de midden, mar krekt oan de noardeastside fan it hjoeddeiske doarp. Oan de Hearewei stiet de (eardere) grifformearde tsjerke, de lêste tsjerketsjinst wie op 13 febrewaris 2005. It gebou wurdt no bewenne. Foargonger Joute van der Meer lei op 5 oktober 1911 de earste stien. Nei him is op Sumarreheide in wei neamd. Ek oan de Hearewei (ticht de Tike) hat oant ± 1925 noch in gebou stien dat as tsjerke brûkt waard. Yn 20019 wurde allinnich noch tsjerketsjinsten hâld yn de Doarpstsjerke yn it doarp.
;Yndustry
Nei 1900 ferlear Sumar geandewei it karakter as boeredoarp. Benammen yn it noarden, by de Grinzer feart ( no Prinses Margrietkanaal) fêstigen har ferskate yndustryën. Dizze bedriuwen hienen noch in dúdlike bining mei de lânbou en feetylt. Yn dit ramt kin it sûkereifabryk neamd wurde en de N.T.F. (letter Rendac neamd, tsjintwurdich Sonac). It molkfabryk fan Sumar stienet yn it doarp, mar op [[De Harste]], in [[buorskip]] súdeastlik fan it doarp. Fan dizze agraryske yndustryën slute it sûkereifabryk de doarren om 1920, it molkfabryk yn 1931. De N.T.F/Rendac/Sonac sit noch yn Sumar, en net yn Burgum sa't faak tocht wurdt. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] fêstigen har mear yndustryen yn Sumar. De skipswerf kaam op it terrein fan it eardere sûkereifabryk. Foar it papierfabryk en Burgum Stielbou (in Sumar) waard in nij yndustryterrein oanlein. Om 2000 waard dit útwreide en kamen mear bedriuwen en bedriuwkes yn Sumar.
 
== Mienskip ==