Anne Koopmans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Nije Side: thumb|right|<small>Anne Koopmans</small> '''Anne Koopmans''', ( Hallum, 30 oktober 1933 - Drachten, 28 novimber]] 2004 ), wie i...
 
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
Rigel 1:
[[Ofbyld:Anne Koopmans Tresoar 33.jpg|thumb|right|<small>Anne Koopmans</small>]]
'''Anne Koopmans''', ( [[Hallum]], [[30 oktober]] [[1933]] - [[Drachten]], [[28 novimber]] [[2004]] ), wie in Frysk skriuwer en learaar.
 
Syn heit wie bakker. Nei de Mulo gyng er nei de Rykskweekskoalle yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], hy krige dêr les fan minsken dy’t letter namme meitsje soene as Frysk dichter of cartoonist lykas [[Jan J. Bijlsma]], [[Reinder Rienk van der Leest]] en [[Cor Hoekstra]] (Cork). Earst stie er twa jier oan in skoalle yn it Twentske Rijssen. Echt goed foldie it him dêr net, nei twa jier wie er werom yn Fryslân en kaam er ek werom yn de skoallebanken; op syn 24ste folge er noch de lêste twa klassen fan de HBS oan it Saailân yn Ljouwert. Dêrnei waard er learaar Frâns, wiskunde en tekenjen oan de mafû op [[De Gordyk]]. In pear jier letter krige er in beneaming yn it Gelderske Brummen, mar wist al ridlik gau dat syn takomst yn Fryslân lei. Sûnt 1965 fertsjinne er as learaar de kost yn Drachten. Om’t it mei syn sûnens net goed gie, moast Koopmans yn 1988 syn baan yn it ûnderwiis opjaan.