Taksonomy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Kat
Aliter (oerlis | bydragen)
L geslacht -> skaai
Rigel 18:
* alle ôfstammelingen fan dy stamfoarm ta de groep hearre.
 
In takson dat net oan de earste eask foldocht wurdt ''polyfyletysk'' neamd, en in takson dat wol oan de earste mar net oan de twadde eask foldocht wurdt ''parafyletysk'' neamd. Fierder hat men yn guon foarmen fan taksonomy de organisaasjelagen heger as geslacht,skaai mar ôfskaft, omdat der geandewei mear tuskenlagen en laagjes by kamen. (boppeskift, ûnderskift, boppefamylje, ûnderfamylje ensf.)
 
Probleem is lykwols dat guon taksa, dy't noch stamme út de tiid fan Linnaeus, sa ynboargere binne dat se diel út meitsje fan de deistige taal en dêrom beswierlik ôf te skaffen binne. In foarbyld dêrfan is de Klasse Reptilia. [[Reptyl|'Reptilen']], ''Reptilia''. binne in sa ynboargere begryp dat se in diel fan it gewoane spraakgebrûk wurden binne. Taksonomysk is de Klasse Reptilia net akseptabel omdat bygelyks de fûgels dêryn misse, hoewol ek dy ôfstamme fan de lêste mienskiplike foarâlden dy't de tsjintwurdige slangen, krokodillen skylpodden ensf. mien hawwe. Reptilia is dêrmei in parafyletyske takson.
 
Dit lêste probleem wie al bekend foardat it DNA-ûndersyk de stambeam fan it libben trochelkoar begûn te skodzjen.