Anne Koopmans: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
No edit summary
[[]]
Rigel 2:
'''Anne Koopmans''', ( [[Hallum]], [[30 oktober]] [[1933]] - [[Drachten]], [[28 novimber]] [[2004]] ), wie in Frysk skriuwer en learaar.
 
Syn heit wie bakker. Nei de Mulo[[MULO]] gyng er nei de Rykskweekskoalle yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], hy krige dêr les fan minsken dy’t letter namme meitsje soene as Frysk dichter of cartoonist lykas [[Jan J. Bijlsma]], [[Reinder Rienk van der Leest]] en [[Cor Hoekstra]] (Cork). Earst stie er twa jier oan in skoalle yn it Twentske Rijssen. Echt goed foldie it him dêr net, nei twa jier wie er werom yn Fryslân en kaam er ek werom yn de skoallebanken; op syn 24ste folge er noch de lêste twa klassen fan de [[HBS]] oan it Saailân yn Ljouwert. Dêrnei waard er learaar Frâns, wiskunde en tekenjen oan de mafû op [[De Gordyk]]. In pear jier letter krige er in beneaming yn it Gelderske Brummen, mar wist al ridlik gau dat syn takomst yn Fryslân lei. Sûnt 1965 fertsjinne er as learaar de kost yn Drachten. Om’t it mei syn sûnens net goed gie, moast Koopmans yn 1988 syn baan yn it ûnderwiis opjaan.
Yn [[1987]] joech Anne Koopmans him op foar in skriuwkursus by it [[FLMD]] (Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum). Oant dan ta hie er kwalik wat skreaun, mar hy blykte talint te hawwen en op oanrieden fan syn dosint [[Bouke Oldenhof]] stjoerde er in ferhaal yn foar de Rely Jorritsma-priisfraach. Yn 1992 krige er in [[ReliRely Jorritsmapriis]] foar it ferhaal ''Sipke syn lêste reis'' en yn 1993 wûn er deselde priis foar syn fers ''Dimpte haven'' en waard syn ferhaal ‘Apparaten’ datselde jier bekroand mei in priis yn de dialektewedstriid[[dialekt]]ewedstriid fan de Nederlandse dialektendag yn ’s Hertogenbosch.
 
Hy debutearre mei it ferhaal ‘Gesellich’ yn moanneblêd [[De Strikel]] yn 1992. De Strikel pleatste, oant it blêd ophold te bestean begjin 1996, sawat alle moannen in ferhaal fan syn hân. Dêrnjonken ferskynden ferhalen fan him yn [[Hjir]], [[Frysk & Frij]] en [[De Holder]]. Yn [[1995]] waard in seleksje fan syn ferhalen bondele, se kamen yn boekfoarm út ûnder de titel ''Fryslân boppe''. De bondel wie in grut súkses, yn 2005 kaam de 4e printinge op de merk.
It titelferhaal Fryslân boppe is tagelyk ek it langste, de lingte fan de ferhalen fariearret tusken de 5 en de 25 siden. De ûndertitel, ''Humoristyske ferhalen'' giet net op foar elk ferhaal, guon binne absurdistysk en oaren hawwe in tryste ûndertoan.<br>
Anne Koopmans hat nei it útkommen fan syn boek noch inkelde ferhalen publisearre yn ûnder oaren de beide ''Strikelboeken'' dy’t ferskynden neidat it blêd net mear útkaam. Fan skriuwen kaam net folle mear, wol wie er noch aktyf as skilder en muzikant, hy hat jierren fioele en akkordeon spile yn de dixielandband ‘De Jasbeskermers’.