Hallum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Mienskip: krantsje
Rigel 35:
Yn [[1804]] wie Hallum yn 't nijs. By wurksumheden foel de sealdaktoer yn. It Hinzoargel dat der noch mar sa'n 40 jier stie, waard ferwoaste. De Hallumers gienen oan 'e slach en yn [[1806]] stie de spitse toer, sa as dy der noch stiet, der. Yn [[1811]] spile der wer in nije oargel. Dit is boud troch Joahan Adolf Hillebrand, de masterfeint fan de oargelbouwers Albertus van Gruisen en Soannen. It liket dat der nochal wat oan net yn 'e oarder west hat. Hartdoff en oaren hawwe der faak feroarings oan oanbrocht.
 
De preekstoel is makke yn [[1773]]. Dizze is ryk fersierd mei moai snijwurk fan [[Durk Embderveld|Embderveld]]. Ek sit der oan de oargelkas snijwurk.
 
Yn de tsjerke hingje noch [[rouboerd]]en dy't in oantinken oan de eardere Hallumer slachten yn omtinken hâlde.