Haadmenu iepenje

Changes

religys, keppelings, kopkes.
De '''[[kosmology''']] isfan by [[natoerreligyennatoerreligys]]''' is faak tige grut en yngewikkeld. Sa leaude men foarhinne op ’e [[Cookeilannen]], yn ’e [[Stille Súdsee]], dat der tolve himels wienen: sân ûnder de sinne en fiif derboppe, en in ûnderwrâld ûnder de ierde. Elts fan dy nivo’s wie ferbûn mei goaden en geasten dy’t dêr taholden. It hielal fan ’e [[DayaksDajaks|DayakDajak-folken]] fan [[Borneo]] is ferdield yn trije lagen: in boppewrâld, dy’t behearske wurdt troch in manlike god dy’t faak identifisearre wurdt mei de hillige noashoarnfûgel; in middenwrâld, dêr’t de minsken wenje; en in ûnderwrâld, dy’t behearske wurdt troch in goadinne dy’t almeast ferienselvige wurdt mei de wetterslange. De [[Hmong]] ([[''Miao]]'' of [[''Meo]]''), fan súdlik [[Sina]] en noardlik [[FjetnamFietnam]], [[Laos]] en [[Tailân]], leauwe dat it himelferwulft op tolve sulveren pylders rêst.
 
== Kosmyske syklus ==
Yn ’e kosmology fan ’e [[Súd-Amearika|Súdamerikaanske]] [[Inka’s]] stie de twa- en trijedieling sintraal. De soan út it kosmyske houlik fan ’e sinnegod [[Inti]] mei de moannegoadinne [[Mamaquilla]] (twadieling) wie [[Illapa]], de tongergod (trijedieling). Yn ’e relaasje tusken Inti en de skepper-god [[Viracocha]], dy’t beiden yn trijefâldich stal bekend wienen, kaam ek de twadieling boppe-ûnder ta utering. Fierders wie de keizerin de dochter fan ’e moanne en de ''Inka'', de keizer, de soan fan ’e sinne en de gelikense fan him dy’t gjin gelikense ken, Viracocha. Se waarden dan ek as libbene goaden beskôge en fereare. Yn [[Midden-Amearika]], fan ’e [[Maya’s]] yn [[GuatemalaGûatemala]], fia de [[Tolteken]], de [[Azteken]] en oare folken yn sintraal [[Meksiko]], oan ’e folken fan ’e [[Pueblo-kultuer]] fan ’e [[Feriene Steaten fan Amearik|Amerikaanske]] steaten [[Nij-Meksiko]] en [[Arizona]] ([[Tiwa]], [[Tewa]], [[Towa]], [[Keresan]], [[Hopi]] en [[Zuñi]]) ta, leaude men yn ’e periodike ferneatiging en werskepping fan ’e wrâld, yn in ivige kosmyske syklus.
 
== Tongerfûgels ==
De kosmology fan ’e [[Noard-Amearika|Noardamerikaanske]] flaktestammen ([[Sioux]], [[Cheyenne]], [[Arapaho]], [[Blackfeet]], [[Crow]], [[Assiniboin]], [[Mandan]], [[Hidatsa]], [[Arikara]], [[Kiowa]], [[Pawnee]], [[Flakte-Ojibwa]], [[Flakte-Cree]], [[Comanche]], [[Osage]], ensfh.) is fierhinne om dierlike fermogens hinne konsintrearre, lykas de krêft fan ’e bizon en de faasje fan ’e antilope. Rûnomferspraat is fierders ek it leauwen yn trije parallelle wrâlden. Under it oerflak fan ’e mar dêr’t de ierde op dreaut, wenje machtige geasten dy’t oer bisten en planten op ’e ierde en yn it wetter hearskje. Boppe de wrâld, yn ’e loft, leit de boppewrâld, dêr’t ferlykbere geasten tahâlde. Ta de machtichsten dêrfan wurde de saneamde Tongerfûgels[[Tongerfûgel]]s rekkene, dy’t it mei de loaits fan har eagen en de klap fan har wjukken wjerljochtsje en tongerje litte kinne. De ierd- en loftgeasten binne allegeduerigen mei-inoar yn oarloch. De sinne is almeast nau ferbûn mei de Tongerfûgels.
 
== Geastewale ==
Neffens de [[Yuit]] (Westlike [[Inuit]]) fan [[Alaska]] en eastlik [[Sibearje]] binne der twa wrâlden, dy fan ’e minsken en dy fan ’e geasten, dy’t tagelyk itselde plak yn tiid en romte ynnimme, hoewol’t de geastewrâld hast nea sichtber is foar de minskewrâld. De grins tusken de beide wrâlden wurdt op guon mominten, lykas by berte, dea of it berikken fan ’e puberteit, ferbrutsen en dan is it fan essinsjeel belang dat de krekte rituëlenrituelen útfierd wurde. Oars kinne de ''tunghat'', de kweageasten, mei oerkomme út ’e oare wrâld.
 
== BoarnenReingod ==
De [[Azteken]], fan sintraal [[Meksiko]], leauden dat harren hielal in sintrum, fjouwer rjochtings, trettjin himels en njoggen hellen hie. Wa’t stoar oan ferdrinking, lepra, in wjerljochtynslach, jicht, wettersucht of in longsykte gong nei de paradyslike tunen fan Tláloc[[Tlalok]], de reingod, dy’t him of har deade hie. Krigers dy’t offere waarden of sneuvelen yn ’e striid, keaplju dy’t ûnderweis omkamen en froulju dy’t stoaren by de berte fan har earste bern gongen allegearre nei de himel fan ’e sinne. Alle oaren reizgen nei harren dea earst fjouwer jier ûnder de noardlike woastinen, yn it ûndergrûnske ferwulft fan [[Mictlantecuhtli]], de god fan ’e dea, foar’t se de njoggende hel berikten, dêr’t se folslein ferdwûnen.
 
== Geastame ==
De [[Yoruba]], fan súdwestlik [[Nigearia]] en súdlik [[Benyn]], leauwe yn ’e ''ile'', de yn steat fan gaos ferkearende oerwrâld, dy’t oan ’e iene kant foar de ''orun'', de himel, oer stiet en oan ’e oare kant foar de ''aiye'', de troch yngripen fan ’e ''orun'' yn ’e ''ile'' ûntstiene oardere wrâld oer. It minsklik lichem wurdt skepen troch de god [[Orishala]] en dêrnei wurdt der in ''emi'', in geast, ynblaasd troch de god [[Olodumare]]. Men leaut dat nei de dea de bestândielen fan ’e minsken weromkeare nei de goaden, om op ’e nij ferdield te wurden oer nijberne poppen. Der bliuwt lykwols altyd wat fan ’e deade oer, in geasteftich eat, dat nei de ierde weromkeare kin en fia sjamanistyske rituëlen of it yn besit nimmen fan dûnsers fan ’e ''Egungun''-dûns boadskippen oerbringe kin oan ’e libbenen.
 
De [[Maya’s]], fan súdlik [[Meksiko]], [[Guatemala]] en [[Belize]], bewennen (en bewenje) in hielal mei in sintrum en fjouwer rjochtings, dy’t elk oerienkamen mei in kleur: it sintrum, de wrâldbeam, wie grien; it noarden wie wyt, want dêrwei kaam yn maaie de wichtige rein; it westen wie swart, om’t de sinne dêr ferdwûn; it suden wie giel, want dêr wie de sinne op syn hichtepunt; en it easten, de wichtichste rjochting, wie read, want dêr waard de sinne eltse dei wer op ’e nij berne. Fierders leauden de [[Maya’s]] yn trettjin ûnderskate boppe-inoar lizzende himels en njoggen ûnderskate ûnderinoar lizzende hellen. De hiele ûnderwrâld mei-inoar waard ''Xibalba'' neamd. De hege ceiba-beam waard beskôge as hillich, om’t er de ''Wack Chan'', de krúsfoarmige wrâldbeam, symbolisearre, dy’t de trettjin himels, de wrâld en de njoggen hellen feriene. De ierde sels wie de rêch fan in reuseftich reptyl dat yn in fiver dreau.
 
== Kleurwrâld ==
De [[Maya’s]], fan súdlik [[MeksikoBelize]], [[Guatemala]]Gûtamala en [[Belize]]súdlik Meksiko, bewennen, (en bewenje), in hielal mei in sintrum en fjouwer rjochtings, dy’t elk oerienkamen mei in kleur: it sintrum, de wrâldbeam, wie grien; it noarden wie wyt, want dêrwei kaam yn maaie de wichtige rein; it westen wie swart, om’t de sinne dêr ferdwûn; it suden wie giel, want dêr wie de sinne op syn hichtepunt; en it easten, de wichtichste rjochting, wie read, want dêr waard de sinne eltse dei wer op ’e nij berne. Fierders leauden de [[Maya’s]] yn trettjin ûnderskate boppe-inoar lizzende himels en njoggen ûnderskate ûnderinoar lizzende hellen. De hiele ûnderwrâld mei-inoar waard ''Xibalba'' neamd. De hege ceiba-beam waard beskôge as hillich, om’t er de ''Wack Chan'', de krúsfoarmige wrâldbeam, symbolisearre, dy’t de trettjin himels, de wrâld en de njoggen hellen feriene. De ierde sels wie de rêch fan in reuseftich reptyl dat yn in fiver dreau.
 
== Sjoch ek ==
 
* [[Animatisme]]
* [[Animisme]]
* [[Astrology en astronomy yn natoerreligyennatoerreligys]]
* [[Dynamisme]]
* [[Goaden yn natoerreligyennatoerreligys]]
* [[Mytology fan natoerreligyennatoerreligys]]
* [[NatoerreligyenNatoerreligys]]
 
 
== Boarnen ==
 
== Literatuer ==
* Bertholet, A., en Campenhausen, H. Freiherr von, ''Van Goor’s Encyclopedisch Woordenboek der Godsdiensten'', Den Haach, 1970.
* Bowker, J., ''Een wereld van religies'', Kampen, 1999.