Frysk Skipfeart Museum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
fan nl: letter mear
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 5:
It museum hat twa haadôfdielings. Yn de ôfdieling Skipfeart wurdt de skiednis fan de Fryske skipfeart ferteld oan de hân fan skipsmodellen, skilderijen en skipsûndrdielen. Yn de ôfdieling Snits komt de histoarje fan de stêd Snits oan bod. Snits is oriïntearre op it wetter, en hat dat ek altiten west. In skerpe skieding tusken beide 6ofdielings iss der dêrom net. De ferhalen rinne floeiend yn elkoar oer. De tentoanstelde kolleksje is te besichtigjen yn de 32 eksposysjeromtes fan it museum. Der binne skipsmodellen mei ûnder oare [[skûtsje]]s te sjen. Ek is der sulver en in seal oer hurdriden.
 
== KolleksjessKolleksjes ==
Yn de ôfdieling Fryske Admiraliteit stiet in grut kanon, dat fan in FRysk oarlochsskip komt. Oant 1795 hie Fryslân in eigen ôfdieling fan de Admiraliteit (seemacht). Fryslân hie gjin keamer by de VOC, mar tûzenen Friezen hawwe wol op VOC-skippen fard. De measte Fryske seefeart falt lykwols yn de kategory kustfeart. Mei kofskippen en smakskippen farden Fryske skippers nei de Skandinavyske lannen, nei de lannen oan de eastsee, nei Frankryk en Spanje. Reders en seehannelers makken mei de kustfeart yn de 17e een 18e ieu grutte winsten. Yn de ôfdieling beurtfeart is omtinken foar de binnenfeart. It farwegennet fan Fryslân wie wiidfertakke. Mei in [[skûtsje]] wie it mooglik om yn hast alle Fryske doarpen mei it skip te kommen. Lânwegen wienen der folle minder. Beurtskippen en trekskûten ûnderholden de ferfierstsjinsten tusken de ferskillende stêden en doarpen yn Fryslân. De wat gruttere beurtmannen farden oer de [[Sudersee]].