Paul Gauguin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: zh-min-nan:Paul Gauguin; tekstwiziging
Rigel 1:
'''Paul Gauguin''', berne as Eugène Henri Paul Gauguin ([[7 juny]] [[1848]] - [[9 maaie]] [[1903]]) wie in let[[ympresjonisme|ympresjonistyske]] Frânske skilder.
 
[[ImageOfbyld:Gauguin.swineherd.750pix.jpg|thumb|De Bargehoeder (1888)]]
Gauguin, berne yn [[Parys]], stamme ôf fan [[Spanje|Spaanske]] kolonisten yn [[Súd-Amearika]] en brocht syn betide bernetiid troch yn [[Lima]]. Neidat hy syn oplieding yn Orleans yn [[Frankryk]] ôfmakke hie, siet er 6 jier by de keapfardij en letter by de [[Frânske marine]]. Werom yn Frankryk yn [[1880]] waard hy assistint by beursmakelaar [[Gustav Arosa]], in suksesfol sakeman en keunstsamler. Gauguin kaam fia him yn de kunde mei de ympresjonisten. Yn novimber [[1873]] troude Gauguin mei de Deenske Mette Sophie Gad. Se soene fiif bern krije. As beursmakelaar wie hy suksesfol en hy folge Arosa yn in sammeljen fan keunst en wie boppedat in tige fertsjinstlik amateurskilder dy't yn de ympresjonistyske styl skildere.
 
Rigel 8:
Yn [[1886]] sette er him yn Bretanje ta wenjen, dêr er huze mei in Javaanske frou, Anne, dy't in soad neaken foar him posearre.
 
=== Van Gogh ===
Gauguin wenne, op inisjatyf fan [[Theo van Gogh]], yn [[1888]] twa moanne by [[Vincent van Gogh]] yn [[Arles]] dêr't Vincent in skilderskoloanje begjinne woe. Theo stipe Gauguin yn dy tiid ek finansjeel. Yn it begjin wie de gearwurking goed, de twa learden fan inoar, en skilderen tegearre. Der binne skilderijen fan Gauguin en Van Gogh dy't sa't it liket mei de deselde ferve makke binne. Se hawwe ek oer en wer portretten fan elkoar makke. Mar om't se yn itselde hûs wennen, bekuolle harren relaasje doe't it waar minder waard, sa't se ticht op elkoar libje moasten. Ut de brieven fan Vincent blykt dat hy en Gauguin oanienwei rûzje hiene. Op 23 desimber kaam it ta in útbarsting. Neffens Gauguin wie er sa skrokken fan it hâlden en dragen fan Van Gogh, dy't him op in jûnskuier efterfolge, dat hy in nacht yn in hotel trochbrocht. Dy jûn die ek bliken dat fan Van Gogh in stik fan syn ear ôfsnien wie. Neffens Gauguin hie Van Gogh dat sels dien. Van Gogh waard yn it sikehûs opnaam, en Gauguin flechte nei Paris.
 
=== [[Tahity]] en [[Polyneezje]] ===
Yn [[1891]] gie Gauguin nei tropyske oarden om de Europeeske beskaving (en syn skuldeaskers) te ûntrinnen. Hy woe alles wat keunstmjittich en konvinsjoneel wie efter him litte. Hy hie dêrby in romantysk byld fan de primitive minsk (sa't [[Jean-Jacques Rouseau]] dy beskreaun hie) en sette him ôf tsjin de boargerlike maatskippij. Faaks hat ek it feit dat hy yn Frankryk as keunstner suver gjin erkenning krige dêrby in rol spile. Hy hâlde earst op Tahity ta, dêr't er ferskate masterwurken skildere hat, mar dêr't er yn [[1898]] ek besocht hat himsels te koart te dwaan. Yn [[1893]] en [[1894]] kaam er noch ien kear nei Europa, nei Parys en Kopenhagen, mar hy gong yn 1894 foar altyd nei de tropen. Hy libbe mei [[Paou'óura]] mei wa't er yn [[1899]] in soan, Emile, krige. Yn [[1901]] gong er nei de [[Marquesas Eilannen]]. Yn [[1903]] kaam Paul Gauguin oan syn ein, besmet mei syfilis en nei ferskate hertoanfallen. Hy is begroeven op in hôf yn [[Atuona]] yn [[Frânsk-Polineezje]].
 
=== It wurk fan Gauguin ===
Gauguin wie in letympresjonistyske skilder. Syn wurk wjerspegele al it ûngebrûklike kleurepalet fan de fauvisten en de ekspresjonisten. Guon binne fan miening dat syn wurk in foarrinner is fan it symboalisme. De keunst fan de ympresjonisten foldie Gauguin net omdat hy benammen it ûnsichtbere werjaan woe, de gefoelens efter it byld. Njonken oaljeferve skilderijen makke Gauguin ek in soad grafysk wurk, lykas houtfiken, wêrfan de wyldens en direktens him oanspruts.
 
Rigel 21:
Yn de tropen berikke Gauguin de top fan syn keunstnerskip, al blyke er ek in fjochtersbaas en rûzjemakker te wêzen. It opfallend brûken fan sprekkende kleuren, de yndringende blikken fan de Polynesyske froulju dy't graach foar him posearren en de heimsinnige titels fan syn wurk dogge de leafhawwers fan syn wurk deugd.
 
== Keppeling om utens ==
* [http://www.malarze.walhalla.pl/galeria.php5?art=9 Art Gallery - Paul Gauguin]
* [http://www.halter.net/gallery/gauguin.html Paul Gauguin: A Virtual Art Gallery]
 
{{DEFAULTSORT:Gauguin, Paul}}
 
[[kategoryKategory:Skilder]]
 
[[an:Paul Gauguin]]
Line 89 ⟶ 90:
[[vi:Paul Gauguin]]
[[zh:保羅·高更]]
[[zh-min-nan:Paul Gauguin]]