Ferskil tusken ferzjes fan "Partij fan de Arbeid"

L
Bot - oars: ja:労働党 (オランダ); tekstwiziging
L (Bot - oars: ja:労働党 (オランダ); tekstwiziging)
De Partij fan de Arbeid wwaard opset as in brede progressive folkspartij, mei plak foar tsjerkske en net-tsjerkske minsken fan progressyf sinjatuer. Om konfesjonele leden en kiezers oan de partij te binen waard in trochbraak-gedachte neamd. Yn de besettingstiid yn de [[Twadde Wrâldkriich]] waard der al praten oer in brede folkspartij, foaral yn in it [[kamp Sint Michielsgestel]], dêr't in soad liedende politisy en wittenskippers yn it gefang sieten. Nei de befrijing late dit ta de oprjochting fan de [[Nederlânske folksbeweging]] (NFB) mei [[Willem Banning]] en [[Wim Schermerhorn]] as lieders. Ek kamen der katolike leden lykas [[Marga Klompé]] en [[Jan de Quay]]. Yn de NVB kaam rûzje oer De Quay. Dizze man hie de [[Nederlânske Uny]] laat yn de Twadde Wrâldkriich. In soad leden koenen dit net aksepteare. Dêrom rjochten de katoliken in eigen partij op. Dizze partij waard de [[KVP]] neamd. De nije PvdA krige mar in pear progressive katolike en protestantske leden. In echte trochbraak kaam der net fan omdat de KVP, [[ARP]] en de CHU bestean bleaunen.
 
== De skiednis fan de stânpunten ==
Yn de PvdA hienen de sosjaal-demokraten fan it begjin ôf oan in sterke posysje. De SDAP levere de measte leden en foarmannen fan de nije partij. [[Willem Drees]], in echte sosjaal-demokraat, waard partijlieder. Trochdat de sosjaal-demokraten in soad te sizzen hienen waarden der ferskillende stânpunten en symboalen oernaam. Sa waarden de PvdA-kongressen ôfsluten mei it sjongen fan [[de Ynternasjonale]]. Yn de jierren 1946 - 1970 wie de PvdA ferbûn mei de reade pylder. Ek wiene der goede bannen mei de [[FARA]] en de sosjalistyske parse ([[It Frije Folk]]). Yn de keamerfraksje sieten ûnder oaren foarmannen fan it [[NVV]] lykas [[Henk Oosterhuis]], [[Dirk Roemers]] en [[Ies Baart]]); PvdA fraksje-foarsitter [[Jaap Burger]] wie ek foarsitter fan de FARA. Dêrneist wie der in [[frijsinnich-demokratysk]]e streaming mei minsken as Wim Schermerhorn, [[Dolf Joekes]] en letter [[Anne Vondeling]]. Lange tiid hie de PvdA-fraksje in lyts tal leden yn har fermidden dy't tsjin kearnbewapening wiene. In soad fan harren wienen ôfkomstich út de foaroarlochske, pasifistyske CDU.
 
Mei't yn Nederlân de pylders minder wichtig waarden, waard ek de bân mei de reade pylder minder. Dit makke it foar de PvdA mooglik him te rjochtsjen op de middenklassen, dy't ûntstean waarden troch de gruttere wolfeart. Yn [[1986]] krige de PvdA mei [[Wim Kok]] al noch in fakbûnslieder as polityk lieder, mar hy naam yn [[1995]] ôfstân fan de âlde ideology. Partijfoarsitter [[Felix Rottenberg]] ([[1992]] oant [[1997]]) wie ferantwurdlik foar de fernijing yn de keamerfraksje.
 
== Yn it regear en yn de opposysje ==
[[Ofbyld:Graph PvdA.jpg|thumb|right|230px|It oantal sitten fan de partij troch de jierren hinne]]
Fjouwer PvdA-ers wienen yn totaal 24 jier minister-presidint en de PvdA naam dêrneist ek noch diel oan fjouwer oare kabinetten. Yn totaal siet de PvdA 33 jier yn it regear.
Nei de ferkiezings yn [[1952]] kaam de ARP ynstee fan de [[VVD]] yn it kabinet. Under lieding fan Willem Drees en ministers Dolf Joekes en [[Ko Suurhoff]] fan sosjale saken waard der begûn mei de opbou fan de sosjale [[fersoargingssteat]]. Yn 1952 kaam de [[wurkleasheidswet]] ta stân, yn [[1956]] de [[Algemiene Alderdomswet]] en yn [[1958]] de [[Widdos- en Wezenwet]]. Yn 1958 kaam it ta in breuk yn de koalysje, nei de foarming fan it fjirde kabinet Drees.
 
=== De perioade fan wolfaart ===
Nei de ferkiezingen fan [[1959]] kaam de PvdA yn de opposysje. De partijlieder wie doe Jaap Burger. Hy waard opfolge troch [[Anne Vondeling]], dy't de arbeiders oan him bine woe mar ek de midden-ynkommens. Dochs ferlear de partij yn [[1963]] wer de ferkiezings. De PvdA waard wer gjin part fan it regear, mar nei oardel jier kaam der sûnder ferkiezingen in nij kabinet. Dit kabinet waard foarme ûnder lieding fan [[Jo Cals]] en Anne Vondeling en bestie út de [[KVP]], PvdA en [[ARP]]. Nei wer oardel jier foel ek dit kabinet, yn de [[Nacht fan Schmelzer]]. Nei de ferkiezings fan [[1967]] kaam de PvdA wer yn de opposysje. As nije partijlieder krige de PvdA [[Joop den Uyl]].
Nei de ferkiezingen fan [[1971]] waard de PvdA de grutste partij en yn [[1972]] fersterke de partij har posysje. Tegearre mei [[D66]] en [[PPR]] waard oanstjoerd op in links kabinet. Trochdat de sintrumrjochtse koalysje gjin mearheid krige en de linkse opposysje ek net, ûntstie der in grutte tsjinstelling. Dizze waard troch [[formateur]] Jaap Burger trochbrutsen. Hy wist in pear Kristen-demokraten safier te krijen om mei te dwaan oan in progressyf kabinet. Nei fiif moanne late dit ta de foarming fan it kabinet Den Uyl, it meast progressive nei oarlochse kabinet. Mar alhoewol't der wol inkele saken regele waarden wie it kabinet Den Uyl ek foar de PvdA in teloarstelling om't troch de ynternasjonale [[oaljekrisis]] it progressive programma net ta útfiering kaam. Minister-presidint Den Uyl bleau lykwols populêr: Yn [[1977]] waarden de ferkiezingen wûn mei de leus: kies de minister-presidint.
 
Nei de ferkiezingen fan [[1982]] kaam der in koalysje tusken it [[CDA]] en de VVD, dizze koalysje hâlde it hast sân jier fol.
 
=== Perioade Kok ===
 
== Organisaasje ==
=== Wittenskiplik buro ===
It wittenskiplike buro fan de PvdA is de [[Wiardi Beckman Stifting]]. De stifting hat himsels it doel steld om in brêge te foarmjen tusken de wittenskip en de sosjaal-demokrasy. De stifting is neamd nei [[Herman Bernard Wiardi Beckman]], in lid fan de Twadde Keamer dy’t yn de Twadde Wrâldkriich omkomd is.
 
=== Doelgroeporganisaasjes ===
De [[Jonge Sosjalisten]] (JS) is de politike jongerenorganisaasje dy't ferbûn is mei de PvdA. Foar âlderen is der de [[Lânlike advysgroep âlderen]] (LAO).
 
=== Partijbestjoer ===
* [[Michiel van Hulten]] - foarsitter
* [[Siepie de Jong]] – fise-foarsitter.
* [[Peter Scheffer]] – foarsitter Jonge Sosjalisten
 
=== Ledenblêd ===
It ledenblêd fan de PvdA hjit [[Read]].
 
== Sitten ==
=== Twadde Keamer ===
* 1946 - 29
* 1948 - 27
 
== Funksjes ==
=== Fraksjefoarsitters yn de Twadde Keamer ===
{|
|-
|}
 
=== Partijfoarsitters ===
* 1946-1953 [[Koos Vorrink]]
* 1953-1955 [[Hein Vos]] (waarnimmend)
* 2007-hjoed [[Ruud Koole]] (waarnimmend)
 
=== Boargemasters ===
Likernôch 120 boargemasters yn Nederlân binne fan PvdA-komôf. Inkele bekende nammen binne:
* [[Job Cohen]]
* [[Annie Brouwer-Korf]]
* Jacques Wallage
* [[Peter Rehwinkel]]
 
== Sjoch ek ==
* [[Sosjaal-demokrasy]]
* [[Jouke de Vries]]
 
== Eksterne ferwizings ==
* [http://www.pvda.nl/ Webstee PvdA]
* [http://www.pvda-europa.nl/ PvdA Jeropa]
[[id:Partai Buruh (Belanda)]]
[[it:Partito Laburista (Paesi Bassi)]]
[[ja:労働党 (オランダ労働党)]]
[[lt:Nyderlandų darbo partija]]
[[nl:Partij van de Arbeid (Nederland)]]
45.774

bewurkings