Frysk Skipfeart Museum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto's der by
Rigel 1:
It[[Ofbyld:Snits '''Frysk Skipfeart Museum''' isfoardoar innûmer museum14.jpg|thumb|right|200px|<small>Museum ynop [[Snitsnûmer (stêd)|Snits14</small>]].
[[Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum Gonggrypkeamer.jpg|thumb|right|200px|<small>Stylkeamer Gonggrypkeamer</small>]]
 
[[Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum trochkykje plesierfeartseal Lemsteraak De Groene Draak.jpg|thumb|right|200px|<small>Lemsteraak De Groene Draak, ôfdieling plesierfeart</small>]]
It '''Frysk Skipfeart Museum''' is in skipfeartmuseum mar ek it museum fan de sted [[Snits (stêd)|Snits]].
De kolleksje bestiet ûnder mear út de histoarje fan de Fryske skipfeart en skipsbou fan de [[17e ieu|17e]] oan de [[20e ieu]] en de wettersport út de [[19e ieu|19e]] en [[20e ieu]]. De hiele kolleksje bestiet út in 17.000 foarwerpen. Dêrneist is der in bibleteek mei hast 9000 titels en in samling fan mear as 20.000 foto's. Oan it museum is ek in âldheidkeamer ferbûn dêr't benammen foarwerpen út Snits en omkriten toand wurde.
 
Line 6 ⟶ 8:
 
== Kolleksjes ==
Yn de ôfdieling [[Fryske Admiraliteit]] stiet in grut kanon, dat fan in Frysk oarlochsskip komt. Oant 1795 hie Fryslân in eigen ôfdieling fan de Admiraliteit (seemacht). Fryslân hie gjin keamer by de [[Feriene Eastynjeske Kompanjy|VOC]], mar tûzenen Friezen hawwe wol op VOC-skippen fard. De measte Fryske seefeart falt lykwols yn de kategory kustfeart. Mei [[kof]]skippen en [[smak]]skippen farden Fryske skippers nei de [[Skandinaavje|Skandinavyske]] lannen, nei de lannen oan de [[Eastsee]], nei Frankryk en [[Spanje]]. Reders en seehannelers makken mei de kustfeart yn de 17e en [[18e ieu]] grutte winsten. Yn de ôfdieling beurtfeart is omtinken foar de binnenfeart. It farwegennet fan Fryslân wie wiidfertakke. Mei in [[skûtsje]] wie it mooglik om yn hast alle Fryske doarpen mei it skip te kommen. Lânwegen wienen der folle minder. Beurtskippen en trekskûten ûnderholden de ferfierstsjinsten tusken de ferskillende stêden en doarpen yn Fryslân. De wat gruttere beurtmannenBeurtmannen farden oer de [[Sudersee]]. Oan de hân fan skipsmodellen wurde dizze ferhalen ferteld. Yn de skûtsjeseal wurdt de skiednis fan de Fryske binnenfeart beljochte. Fryske skippers wennen en wurken mei harren húshâlding oan board fan harren skip. De rekonstruksje fan in roef toant dat se lyts behuze wiene. Skippen wienen faak ryk fersierd. Yn it museum is in grutte kolleksje skipssier te sjen: roerklikken, hakkeboerden, roerkoppen ensafuorthinne. ByûnderBysûnder wie de ielhannel. Ut [[Heech]], [[De Gaastmar]] en [[Warkum]] wei waard op grutte skaal iel ekssportearreeksportearre nei Londen. Mei ielaken waard de iel ferfierd. De Fryske wetterwegen wurde no benammen brûkt troch wettersporters. Dêrom is der yn it museum ek in grutte kolleksje syl- en motorjachten te sjen: [[boeier]]s, [[tsjotter]]s, BM-ers, reinbôgen, mar ek modernere klassen as de Flits. Yn de Iisseal is te sjen hoe't winterdeis de wetterwegen feroaren yn snelwegen foar reedriders. Folle hurder as mei in skip koene op redens grutte ôfstannen ôflein wurde. Ferskillende redens binne der te sjen, mar ek prizen fan ferneamde Fryske riders. De prizen fan de [[Alvestêdetocht]] binne dderder bygelyks eksposearre.
Dat de skipfeart en rederij in soad jild opleverje koe is ôf te lêzen oan de stylkeamers. Yn de monumintale hearehuzen oan de gracht is in oantal stylkeamers ynrjochte. Opfallend is dat de rokoko lange tiid tige populêr wie yn de Fryske [[Súdwesthoeke]]. Dat is ek te sjen yn de Sulverseal. De produkten van de Snitser sulversmidten binne drok bewurke mei driuw- en gravearwurk. De Wetterpoarte is ít byldmerk fan Snits. De wetterpoarte is ôfbylde op talleaze skilderijen en ek op sûvenirs. In moaie kolleksje dêrfan is te sjen yn de Stylkeamers. Yn de Ypkolgeakeamer binne behingsels fan in pleats út [[Wâldsein]] te sjen. Op ien fan de skilderingen is in skipswerf yn bedriuw te sjen. Op de boppeste ferdjippings is de grutte kolleksje seemanssûvenirs te sjen. Fryske seelju kamen rûnom en namen foar it thúsfront sûvenirs mei: houten nappen út Riga, Argangelske kistkes, ierdewurk út Ingelân, mar ek eksoatyske sûvenirs, lykas in skipke dat fan krûdnagels makke is.
== Skiednis fan it museum ==
Line 12 ⟶ 14:
 
Herre Halbertsma wie ûnbesoldige konservator fan it museum en [[Albert Sustring|A.M. Sustring]] wie foarsitter fan it bestjoer. Tegearre joegen se oant [[1976]] lieding oan it museum. Yn 1976 waard it museum professionalisearre. De eksploitaasje kaam yn hannen fan de Stichting Frysk Skipfeart Museum en de Feriening Frysk Skipfeart Museum wurke tenei as freoneklup. [[Sytse ten Hoeve]] waard beneamd ta direkteur. Dat blau hy oant 2005, doe't hy opfolge waard troch [[Meindert Seffinga]]. Yn de rin fan de jierren is it museum groeid. No sit it museum yn fiif monumintale hearehuzen oan it Lytssân, en is mei galerijen ferbûn mei in eardtiidsk skoalgebou oan de Heablokstrjitte. Yn 2009 en 2010 sil it museum ferboud wurde.
<gallery>
Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum Wetterpoarte skilderij Ype Staak.jpg|<small>Skilderij Ype Staak</small>
Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum Staverske jol FSM-K-047-1.jpg|<small>Staverske jol</small>
Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum Snitser Cup FSM-Z-112-3.jpg|<small>detail fan de Snitser Cup, priis fan Hurdsyldei</small>
Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum skûtsjeroef.jpg|<small>Skûtsjeroef</small>
Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum Simon Ydes Keizer FSM-2002-418.jpg|<small>Skippentablo troch de Harnzer tegelskilder Simon Ydes Keizer</small>
Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum roerkop kofskip.jpg|<small>Roerkop kofskip</small>
Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum Lemster beurtman FSM-1987-344-2.jpg|<small>Lemster beurtman</small>
Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum kaart Sudersee FSM-1977-277.jpg|<small>Kaart Sudersee</small>
</gallery>
 
{{boarnen|boarnefernijing=