Ferskil tusken ferzjes fan "Renêssânse"

L
Bot - oars: ro:Renașterea; tekstwiziging
L (Bot - derby: arz:عصر النهضه)
L (Bot - oars: ro:Renașterea; tekstwiziging)
De '''Renêssânse''' (letterlik ''werberte'') wie yn de skiednis fan Jeropa in tiidrek fan it opbloeien fan keunst, wittenskip en letterkunde dy't har grûnslach hie yn de ''werberte'' fan de ferwurvenheden fan de [[Klassike Aldheid]]. De Renêssânse begûn yn [[Itaalje]] yn de 13e of 14e ieu en fersprate him yn de folgjende ieuwen oer de rest fan Jeropa. De term wurdt yn algemiene sin ek brûkt foar oare perioaden fan kultureel weroplibjen yn de skiednis, lykas de [[Karolingyske Renêssânse]].
 
== Untstean fan de Renêssânse yn Itaalje ==
Yn [[1860]] kaam it wichtige "Die Kultur der Renaissance in Italien" fan de [[keunsthistoarikus]] [[Jacob Burckhardt]] út. Burckhardt definiearret de Renêssânse as ''in nea-sjoene weroplibbing en bloei yn de fyftjinde en sechstjinde ieu yn Itaalje fan de keunsten en wittenskippen, wêrby't it wrâldske en realistyske aard fan dy keunsten en it tanimmend yndividualisme sjen litte dat de [[Midsieuwen]] oer binne en de Moderne Tiid kommen is''.
 
Yn [[Itaalje]] kamen wichtige stêden ta stân. Troch politike misledigings rjochten hja har op in idealisearre ferline, dêr't it klassike [[Rome]] de wrâld behearske yn in tiid dat adel en geastlikheid noch net bestiene. Op dy wize kaam it ta it fannijs ûntdekken fan de klassike beskaving: rjocht, dichtkeunst en arsjitektuer. De [[keizer]] hie al net in soad macht en de paus sette ôf nei [[Avignon]]. De stêden beskôgen harsels as selsstannich. Ekonomyske fleur joech de boppelaach fan de befolking de mooglikheid fan it libben te genietsjen.
 
De stêden stipen keunst en wittenskip. It beoefenjen fan de wittenskip bûten de tsjerke om smiet befrijende ûntdekkings op: de ''Skinking fan Constantijn'' waard yn [[1440]] troch [[Lorenzo Valla]] ûntmaskere as ferfalsking. De Renêssânse wie dus in beweging fan de stêd, mooglik makke troch wolstân. Se leauden yn dy tiid dat der wiswier in nij tiidrek kommen wie.
 
Nei de fal fan [[Konstantinopel]], in útkomst fan de 4e [[krústocht]], is der in artistike ynjeksje fan East nei West, trochdat der in kultuerferskowing plak fynt. Men kin sizze dat dêr it iere begjin fan de Renêssânse leit.
In oar unyk elemint fan Giotto is it feit dat syn namme bekend is. Oant fier yn syn tiid wiene keunstners net by namme bekend. It wie in ambacht, dat as deistich wurk foaral anonym beoefene waard.
 
== Fersprieding fan de Renêssânse ==
[[Ofbyld:Jan van Eyck 001.jpg|right|thumb|200px|Portret fan Giovanni Arnolfini en syn frou, troch [[Jan van Eyck]], skildere yn 1434]]
De Renêssânse begûn yn Itaalje en dêrnei fersprate de beweging him stadichoan oer West-Europa. Fan [[1300]] oant [[1450]] bleau de Renêssânse foaral yn Itaalje, dêrnei oant [[1600]] beynfloede de Renêssânse hiel West- en Midden-Europa. Lang om let berikte de Renêssânse ek de koloanjes yn Noard-Amearika en Súd-Amearika, sadat de hiele [[Westerske wrâld]] der troch beynfloede waard. Sjoch ek [[Quattrocento]].
Rûchwei is it ienfâldichst ûnderskie te sjen yn de ferskillen hoe't de keunstners [[korrekt]] skilderje woene. Yn it suden waard dat dien nei it ûntdekken fan Giotto neffens it perspektyf, ek wol matematysk korrekt neamd. Yn it noarden seagen se mear yn it detaillearre neiskilderjen, dêr't it skilderwurk yn kwestje ek korrekt troch waard. Dêrby moatte wy wol betinke dat de skildertechniken rûnom oars wiene. Yn it suden wurken se net allinnich op doek, mar makken se ek [[fresko]]'s, wylst yn it noarden op doeken skildere waard. Fresko's binne yn it noarden, mei it fochtige klimaat, net sa goed te bewarjen as yn de súdliker lannen.
 
== Renêssânse yn de keunst en arsjitektuer ==
[[Ofbyld:Lady with an Ermine.jpg|thumb|right|250px|[[Leonardo da Vinci]], [[Czartoryski-museum]], [[Kraków]]]]
 
=== Skilderkeunst ===
Yn de tiid fan de [[Renêssânsekeunst]] wiene in soad [[keunstskilder]]s aktyf mei it meitsjen fan [[skilderij]]en.
 
Wat ek in dúdlik skaaimerk fan de Renêssânse is wie it feit dat troch it opkommend yndividualisme de wurken synjearre waarden. Yn de Romaanske en Goatyske keunst waard soks nea dien, mei't se fûnen dat de keunstner it wurk die út namme fan God en net út namme fan himsels.
 
=== Byldhoukeunst ===
Yn de [[byldhoukeunst]] komme in tal ynnovaasjes foar, types as de [[buste]] en it [[ruterstânbyld]] dy't streekrjocht oernommen wurden fan de [[klassike âldheid]]. Bekend wiene foaral [[Donatello]], [[Michelangelo]] en [[Leonardo Da Vinci]]. Te ûnderskieden binne de [[Iere Renêssânse]] en de [[Heech-Renêssânse]].
 
[[Ofbyld:Uffizi Hallway.jpg|thumb|right|250px|[[Uffizi]]]]
 
== Museums ==
Museums mei in soad keunst út de Renêssânse binne:
* [[Kunsthistorisches Museum]] yn [[Wenen]]
* [[Alte Pinakothek]] yn [[München]]
 
=== Arsjitektuer ===
De gebouwen fan de ieuwen dy't west hiene moasten ferdwine: [[Konstantijn]] syn haadtsjerke boppe [[Petrus]] syn grêf moatst plak meitsje foar in nije tsjerke. It weroplibjen fan de âldheid springt benammen yn de arsjitektuer yn it each. Se bestudearren de ferhanneling fan de Romein Vitruvius en namen de mjitte fan antike gebouwen om har de 'taal' fan dy arsjitektuer eigen te meitsjen (mei foarmen lykas [[Frontons]], aailisten, [[Dorysk]]e, [[Ionysk]]e, [[Korintyske]]e pylders; mei de 'grammatika', de regels fan it byinoar foegjen fan de ûnderdielen). Italjaanske arsjitekten wiene ûnder oare [[Filippo Brunelleschi]], [[Palladio]] en [[Donato Bramante]].
 
[[Ofbyld:Ratusz Poznan od Wielkiej.jpg|thumb|250px|right|[[Poznań]]]]
 
== Muzyk ==
Sjoch ek:
* [[Fenetsjaanske Skoalle]] (Venetiaanse School)
 
== Renêssânse en Aldheid ==
De Renêssânse seach him as in werberte fan de kultuer fan de antiken. [[Giorgio Vasari]] (1511-1574) sjocht sûnt de tiid fan de 'barbaren' in opgong fan de moderne styl yn trije etappes, dêr't er minachtsjend by ferwiist nei de Grykske (Byzantynske) en nei de Dútske [[Goatyske]] styl.
 
Boppedat lei it de Italjaanske keunstners net swier op 'e mage om de Goatyske tradysje ôf te wizen: dy wie dêr dochs al amper woartele. Ek bliuwe der mear resten fan it [[kristendom]] efter as se tajaan wolle soene. Kristlike motiven siere noch oant fier yn de moderniteit de tsjerken en privee-kapellen, en yn de filosofy is it humanisme noch lange jierren net tsjin it bastion fan de skolastyk wapene.
 
== Renêssânse en boetepreekjen ==
De stedsrenêssânse en it boetepreekjen fan de biddeloarders botsten mei elkoar. De prior fan in dominikanekleaster, [[Girolamo Savonarola]] (1452-1498) hie mei syn preekjen safolle ynfloed op de befolking dat se alle tekens fan wrâldsk libben ferneatige: de hearskersfamylje fan de Medisy moast de stêd út.
 
== Humanisme ==
De Renêssânse yn Itaalje hie in nije kyk op de minske ûntstean litten: de klam kaam te lizzen op de minsklikens, de '[[humanitas]]', nei it model fan de klassyk-Romeinske [[kultuer]]. It wurk fan de [[letterkundige]]n en [[taalkundige]]n krige letter de namme '[[humanisme]]'. In wichtige grûnlizzer fan it humanisme is [[Giovanni Pico della Mirandola]].
 
== Wittenskip ==
[[Ofbyld:Da_Vinci_Vitruve_Luc_Viatour.jpg|thumb|250px|right|[[Leonardo da Vinci]]'s Vitruvische Minske, in foarbyld fan de synteze fan keunst en wittenskip yn de Renêssânse]]
Fóár de Renêssânse wie de wittenskip sa goed as hielendal basearre op in relatyf lyts tal tradisjonele boeken en skriuwers. Dat wie yn it foarste plak fansels de [[Bibel|bibel]], mar dêrneist ek in tal Grykske en Romeinske skriuwers lykas [[Plato]], [[Aristoteles]] en [[Galenus]]. It wurk fan dy wittenskippers wie it jaan fan kommentaren op dy boeken en it tapassen fan dy wurken op aktuele situaasjes.
 
De humanisten wiene de earste groep dy't har tsjin dat strakke [[korpus]] fersetten. Se brieken net mei de tradysje fan it jin basearjen op klassike wurken, mar stelden dat der op beskate punten flaters yn de oersetting út it Gryksk wei (of foar it [[Alde Testamint]] út it Hebrieusk wei) nei it Latyn sieten. Om dat foar te kommen, moasten boarnen sa ticht mooglik by it orizjinele wurk rieplachte wurde. Lettere tafoegings en útlizzerij wiene lang sa wichtich net. Dêrneist woene de humanisten ek mear skriuwers en learde lju oan it standertwurk tafoegje.
 
Mar dêr hold de fernijing yn de wittenskip net op. [[Andreas Vesalius]] snie sels yn liken foar ûndersyk fan de [[anatomy]] en kaam ta de konklúzje dat [[Galenus]] op beskate punten mis west hie. [[Nicolaus Copernicus|Copernicus]] yntrodusearre it [[Heliosintrisme|heliosintrysk wrâldbyld]]. [[Galileo Galilei|Galilei]] brûkte de [[teleskoop]] om mear oer de himel oan de weet te kommen. [[Kartografy|Kartograven]] makken kaarten sekuerder as dy fan [[Ptolemaeus]], en lieten it yn de âldheid ûnbekende [[wrâlddiel]] Amearika sjen.
 
Stadichoan kaam it besef dat de lju de kennis út de Aldheid dêr't se sa mei bewûndering by opsjoen hiene oan it ynheljen wiene. Dat stimulearre it selsbetrouwen en de selsbewustens fan de ûndersikers fiks en se begûnen entûsjast hieltyd faker de sa as foarfêst leaude 'wierheden' fan de autoriteiten út de antike kultuer yn twifel te lûken en op wierheid nei te gean. En sa groeide ein [[16e ieu]], begjin [[17e ieu]] it besef by de wittenskippers dat net kontemplaasje op de histoaryske grutheden fan it fakgebiet, mar eigen observaasje en ekspearimint de kaai wiene ta kennis. De [[moderne wittenskip]] wie berne.
 
== Renêssânse en reformaasje ==
Tusken Renêssânse en [[reformaasje]] siet in ferbân: deselde krityske hâlding foar de betinklike tastannen yn de tsjerke oer, en itselde omtinken foar de boarnen fan de bibel. Al foar de Renêssânse wiene der by no en by dan kritisy fan de libbensstyl fan in soad prelaten fan de tsjerke. Mar doe waarden dy net bot heard of wie it sels libbensgefaarlik om soks al te lûd te ferkundigjen.
Yn de rin fan de 13e-15e ieu kamen der lykwols hieltyd mear fan dy dissidinten en se krigen ek hieltyd mear in harkjend ear fan opkommende nije yntellektuelen. Dy gongen werom nei de boarnen fan it [[evangeelje]] en seagen dat dochs in soad fan de deistige tsjerklike praktyk net strookte mei de foarskriften en libbenswize dy't yn de evangeeljes en brieven fan de apostels beskreaun stiene. Doe koe in grutte konklúzje net lang mear útbliuwe. De reformaasje soe begjinne.
 
== Keppelings om utens ==
* [http://www.artcyclopedia.com/history/early-renaissance.html Gronologyske list fan keunsters út de Iere Renêssânse mei in soad ferwizings]
* [http://www.artcyclopedia.com/history/high-renaissance.html Gronologyske list fan keunstners út de Heech-Renêssânse]
[[pms:Arnassensa]]
[[pt:Renascimento]]
[[ro:RenaştereaRenașterea]]
[[ru:Эпоха Возрождения]]
[[scn:Rinascimentu]]
45.567

bewurkings