Frysk Skipfeart Museum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
foto's der by
→‎Skiednis fan it museum: tentoanstellings
Rigel 13:
It museum is yn [[1938]] oprjochte. Lucas Poppinga, boargemaster fan de stêd [[Snits (stêd)|Snits]], wie fan betinken dat de stêd in minwaarfoarjenning nedich hie. Sûnt [[1925]] groeide it wettersporttoerisme yn Fryslân en Snits hie dêryn in sintrumfunksje. Oft der ferlet wie fan in museum waard peile mei in tentoanstelling yn de [[Snitswike]] fan [[1938]]. Yn ien moanne tiid kamen der 3.600 besikers nei dizze tydlike tentoanstelling oer de Fryske skipfeart. It súkses wie grutter as ferwachte en dêrom naam it museumbestjoer it beslút in permanint museum yn te rjochtsjen yn it weeshûs oan de Kruzebruorrestrjitte. Yn de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard it museumgebouw foardere troch de Dútsers. De kolleksje ferhuze nei de souders. Nei de oarloch joech Herre Halbertsma it museum in trochstart. De kolleksje bedarre yn it hûs fan syn âld-muoike Jeltje ten Cate-Halbertsma, oan it Lytssân nûmer 12.
 
Herre Halbertsma wie ûnbesoldige konservator fan it museum en [[Albert Sustring|A.M. Sustring]] wie foarsitter fan it bestjoer. Tegearre joegen se oant [[1976]] lieding oan it museum. Yn 1976 waard it museum professionalisearre. De eksploitaasje kaam yn hannen fan de Stichting Frysk Skipfeart Museum en de Feriening Frysk Skipfeart Museum wurke tenei as freoneklup. [[Sytse ten Hoeve]] waard beneamd ta direkteur. Yn ien fan syn earste tentoanstellings makke hy de brêge fan it ûnderwiis nei it museum: Skipfeart op skoalplaten. Inkele fan de tentoanstellings fan syn hân: ''De Snitser Wetterpoarte'' (1976), Wettersport rûnom Snits (1977), ''Skilderijen fan Olaf Cleofas van Overbeek'' (1979), De âlde skilderswinkel (1983), ''Foto's fan Martin Kers'' (1985), ''Tsjerkeskipkes'' (1985), ''Boartersskipkes'' (1987), ''Tichelfeart'' (1988), ''Fryske Ielaken'' (1990), ''Fryske skipssier'' (1992), ''Skipswynfanen yn Fryslân'' (1995) en ''De skippenskilder [[Dirk Piebes Sjollema]]'' (1998). Dat blaubleau hy oant 2005, doe't hy opfolge waard troch [[Meindert Seffinga]]. Yn de rin fan de jierren is it museum groeid. No sit it museum yn fiif monumintale hearehuzen oan it Lytssân, en is mei galerijen ferbûn mei in eardtiidsk skoalgebou oan de Heablokstrjitte. Yn 2009 en 2010 sil it museum ferboud wurde.
<gallery>
Ofbyld:Snits Frysk Skipfeart Museum Wetterpoarte skilderij Ype Staak.jpg|<small>Skilderij Ype Staak</small>