Harmen Thieden Ament: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije Side: {{wurk}} '''Harmen Thieden Ament''' (Amsterdam, 1 desimber 1768 - Snits, 5 febrewaris 1839) wie in radikaal patriot. {{boarnen|boarnefernijin...
 
wurkleas
Rigel 1:
'''Harmen Thieden Ament''' ([[Amsterdam]], [[1 desimber]] [[1768]] - [[Snits]], [[5 febrewaris]] [[1839]]) wie in radikaal [[Patriotten|patriot]] dy't in geskrift neilitten hat oer de bewegingen fan 1786-87 yn Hollân.
{{wurk}}
'''Harmen Thieden Ament''' ([[Amsterdam]], [[1 desimber]] [[1768]] - [[Snits]], [[5 febrewaris]] [[1839]]) wie in radikaal [[Patriotten|patriot]].
 
 
== Libben en wurk ==
Harmen wie in soan fan Michiel Ament en Margaretha Elizabeth Thieden (-1778), dy't út [[East-Fryslân]] wei nei Amsterdam ferfard wienen. Hy gie nei in Frânske kostskoalle te [[Muiden]] en fan 1781 ôf nei in [[Latynske skoalle]] te [[Sutfen]]. Yn 1783 waard er dêr learling-apteker.
 
As patriot wie er ûnder oaren belutsen by de ferdigening fan [[Hattem]]. Op oanstean fan syn heit gie er werom nei Amsterdam dêr't er ek warber bleau as patriot. Hy die mei oan de ferdigening tsjin de [[Prúsen]] yn [[1787]]. Hy moast útwike nei St.Omer en bedarre nei weromkomst yn [[Fryslân]].
 
Hy waard aptekersfeint en letter yn [[1791]] selfstannich apteker yn Snits. Ferfolde in rol yn de polityk fan de [[Bataafske Republyk]] as lid ''Comité van Waakzaamheid'' en folksrepresintant en sekretaris fan [[East-Dongeradiel]]. Yn [[1802]] wie er notaris op [[It Amelân]] en fan [[1812]] ôf te [[Dokkum]], letter kommies te Amsterdam en sûnt [[1828]] ontfanger fan belestingen yn Fryslân.
 
===Persoanlik===
Ament troude op 23 septimber 1792 Tjittje Jans Stoker (Snits 7 des. 1766, † dêre 29 maart 1793), dochter fan Jan Tjeerds en Sjoukien Sjoerds. Op 14 july 1799 troud er opnij, te [[Mitselwier]], mei Sjoukje Gonggrijp, (Snits 10 april 1775, † Dokkum 5 nov. 1809) , dochter fan Tjalling en Elisabeth Teetses de Haan.
 
 
Line 14 ⟶ 18:
* [http://home.kabelfoon.nl/~hament/ament/index.html Stambeam famylje Ament]
}}
{{DEFAULTSORT:Ament, Harmen Thieden}}
[[Kategory:East-Dongeradiel]]
[[Kategory:Patriot]]
[[Kategory:Notaris]]
[[Kategory:Snits]]