Harmen Thieden Ament: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurkleas
st.
Rigel 4:
Harmen wie in soan fan Michiel Ament en Margaretha Elizabeth Thieden (-1778), dy't út [[East-Fryslân]] wei nei Amsterdam ferfard wienen. Hy gie nei in Frânske kostskoalle te [[Muiden]] en fan 1781 ôf nei in [[Latynske skoalle]] te [[Sutfen]]. Yn 1783 waard er dêr learling-apteker.
 
As patriot wie er ûnder oaren belutsen by de ferdigening fan [[Hattem]]. Op oanstean fan syn heit gie er werom nei Amsterdam dêr't er ek warber bleau as patriot. Hy die mei oan de ferdigening tsjin de [[PrúsenPrusen]] yn [[1787]]. Hy moast útwike nei St.Omer en bedarre nei weromkomst yn [[Fryslân]].
 
Hy waard aptekersfeint en letter yn [[1791]] selfstannich apteker yn Snits. Ferfolde in rol yn de polityk fan de [[Bataafske Republyk]] as lid ''Comité van Waakzaamheid'' en folksrepresintant en sekretaris fan [[East-Dongeradiel]]. Yn [[1802]] wie er notaris op [[It Amelân]] en fan [[1812]] ôf te [[Dokkum]], letter kommies te Amsterdam en sûnt [[1828]] ontfanger fan belestingen yn Fryslân.