Tolvejierrich Bestân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Streuper (oerlis | bydragen)
boppen =>boppe
Rigel 9:
 
== Arminius en Gomarus ==
It bestân soarge foar rêst yn [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]]. Dat soarge derfoar dat âld sear nij oan de oerflakte kaam. Der kamen godstsjinsttsjinstellingen nei boppenboppe. Johan fan Oldenbarnevelt frege mear romte foar de remonstrantske lear fan de [[Leien|Leiense]] heechlearaar [[Jakobus Arminius]]. Prins Maurits stipe de kontra-remonstranten fan de heechlearaar [[Franciscus Gomarus]]. Oft Prins Maurits dat die omdat er echt leaude yn Gomarus falt te betwifeljen. Hy wie der ek op út om Johan fan Oldenbarnevelt de foet dwars te setten. De rúzje tusken Arminius en Gomarus makke wat los yn it lân. Sûnder in mienskiplike fijân gienen de minsken tsjinelkoar te kear. It skeel waard oplost troch in synoade. De remonstrantske lear waard ferbean. De remonstrantske reginten hienen yn Hollân in resolúsje oannaam ek wol de “[[Skerpe resolúsje]]” neamd. Deryn waard bepaald dat de stêden yn Hollân hiertroepen oannimme mochten. Prins Maurits seach dit as in oantaasting fan syn gesach. Hy liet Johan fan Oldenbarneveld, [[Hugo de Groot]] en oare minsken arrestearje. Johan fan Oldenbarnevelt waard ta de dea feroardiele en yn [[De Haach]] ûnthalze.
 
== De striid gie troch ==