Greefskip Hollân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: de:Grafschaft Holland
L st - meartal is huzen of hûzen, sjoch Zantema
Rigel 6:
It [[Frankyske ryk]] wie ûnder de [[Karolingers]] ûnderferdield yn [[Goa]]ën, dy't yn it [[Latyn]]sk ek wol [[Pagus (Romeinsk)|pagus]] neamd waarden. Guon fan dizze pagi waarden ''comitatus'' neamd, alhoewol't dat ek wol barde foar ôfsunderlike goaën. San gebiet waard troch in ''comes'' bestjoerd, in [[goagreve]] dy't troch de kening beneamd waard en troch him ek wer ôfsetten wurde koe. Dêrom stribje dizze lienmanlju nei erflikens fan harren funksje, wat stadichoan ek de regel waard en yn [[877]] legalisearre waard troch de [[Kapitulare fan Kwierzy]]. De macht fan de kening naam hjirtroch grif ôf en dy fan de greven ta.
 
Op it ein fan it bewâld fan de Frankyske kening [[Lodewyk de Fromme]] wie de keninklike macht troch oanhâldende ynfallen fan de [[Wytsingen]] en tsiere fan Lodewyk mei syn soans ferswakke. Nei de dea fan Lodewyk beliende syn soan [[Lotarius I]] de Deenske bruorren [[Rorik]] en [[Harald]] mei ''[[Fresia]]'' yn in poging de oanfallen fan de Wytsingen tsjin te hâlden. Dêrtroch naam de macht fan de goagreven fierder ôf. Sy moasten gearwurkje mei de Denen, mar yn [[885]] kaam der alwer in ein oan de Deenske oerhearsking troch de moard op [[Godfried de Wytsing]], wêr [[Gerolf]], ''comes Fresonum'', de hân yn hie. As beleanning krige hy op [[4 augustus]] [[889]] grutte besittings yn lien tawezen troch Eastfrankyske kening [[Arnulf fan Karintië|Arnulf]] en ek krige hy goederen yn fol eigendom. It gong om in gebiet bûten syn eigen greefskip [[Teisterbant]], dat bestie út in oantal boerepleatsen en húzenhuzen yn únder oare [[Tiel]], [[Aalburg]] en [[Asch]]. Dêrnjonken gong it om in gebiet yn syn eigen greefskip dat bestie út in bosk en boulân, lein tusken de mûning fan de âlde [[Ryn]] en (nei alle gedachten) [[Bennebroek]], ''Suithardeshaga''.
 
Yn [[985]] joech kening [[Otto III fan it Hillige Roomske Ryk|Otto III]], op fersyk fan syn mem [[Theophanu]] in oantal gebieden yn eigendom (''proprium'') oan greve [[Dirk II fan Hollân|Dirk II]] dy't hy earder yn lien (''beneficium'') krigen hie. Dit wie it gebiet tusken de rivieren ''Liora'' (Lier) en ''Hisla'' ([[Hollânske IJssel]]) - [[Masalân]] -, ''[[Zonnemaire|villa Sunnimeri]]'', it gebiet tusken de rivieren ''Medemelaka'' en ''Chinnelosara gemerchi'' - [[Kinmerlân]] - en [[Teksla]].