Impala (antilope): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: rw:Impara; tekstwiziging
Rigel 1:
[[Ofbyld:Impala (xndr).JPG|thumb|right|300px|''Impala of roaibok'']]
[[Ofbyld:Leefgebied impala.JPG|thumb|right|300px|''Leefgebiet impala'']]
De '''impala''' of '''roaibok''' (''Aepyceros melampus'') is ien fan de meast algemiene [[antilopen|antilopesoarten]] yn [[Afrika]] ten suden fan de Sahara. Hy is de ienige soarte út de [[ûndefamylje]] '''Aepycerotinae''' en it skaai '''''Aepyceros''''', hoewol't er bytiden ek ta oare ûnderfamyljes rekkene wurdt, lykas de [[Alcelaphinae]] of de [[Antilopinae]].
 
== Kenmerken ==
Rigel 23:
De impala libbet yn lytse [[kudde]]n fan minstens 6 bisten, besteande út ien of twa [[dominant (dier)|dominante]] mantsjes en harren [[harem]] fan oant 30 wyfkes en harren jongen. Wyfkes bliuwe har hiele libben by deselde kudde, mantsjes ferlitte de kudde as se folgroeid binne. Gruttere kudden, besteande út mear as fyftich bisten, binne net ûngewoan, benammen yn it droege seizoen, at der minder greide is. De rest fan de mantsjes libbet yn frijfeintegroepen. Bisten hâlde kontakt mei elkoar trochdat se mei klieren yn de hakke in rookspoar efterlitte. In mantsje is meastentiids 4 - 6 jier âld eardat hy sterk genôch is om in [[territoarium]] en in harem ûnderhâlde te kinnen. Benammen yn de brûnstiid wurdt der swier fochten mei oare mantsjes. Yn de brûnstiid dekt de haremlieder in oantal wyfkes, mar de bewaking fan de harem en de pearing kostje it mantsje safolle enerzjy dat hy nei in oantal dagen opjout en in oar mantsje út de frijfeintegroep syn liedende rol oernimme kin.
 
At it [[reinseizoen]] begjint, wurde alle jongen hast tagelyk smiten. Dit is in foarm fan ferdigening fan it soarte tsjin de [[liuw|liuwen]]en en oare rôfdieren: trochdat it oanbod sa grut is, kin in grut diel fan de jongen de sa gefaarlike earste moannen oerlibje. De helte fan alle jongen sil yn de earste wiken pakt wurde troch in rôfdier. Nei in [[draachtiid]] fan ûngefear twahûndert dagen smyt it wyfke ien jong, op in goed ferstoppe plak. Se bliuwt by it gerskjen yn de buert fan har jong. Se siket it lykwols allinnich op om it drinke te litten. Nei inkele dagen folget it jong syn mem, mar sil skûlje by it minste alaarm. In wyfke is nei achttjin moannen [[geslachtsryp]]. De impala wurdt oant fyftjin jier âld.
 
== Ferskaat ==
Rigel 62:
[[ro:Impala]]
[[ru:Импала]]
[[rw:Impara]]
[[simple:Impala]]
[[sr:Импала]]