Greefskip Mid-Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynterwiky
oanf, boarne
Rigel 2:
 
== Untstean ==
Yn [[1006]] krijt [[Liudolf fan Brunswyk]] sizzenskip oer de Fryske greefskippen. Op hokker wize dat plak fûn hat net mear wis. Nei alle gedachten waarden de goaën fan de [[Greefskip Hollân|Hollânske greven]] mei geweld ôfhandich makke.
 
== Gebiet ==
Mid-Fryslân hat fjouwer greven hân, dy't tagelyk greve fan [[Brunswyk]] wienen en sadwaande ''Brunoanen'' neamd wurde. Harren gebiet wie ynearsten gearstald út de goaën [[Sudergoa]] (ek wol it ''greefskip Starum'' neamd), [[Eastergoa]] en [[Westergoa]]; fierders hienen de Brunoanen ek it [[Sallân|Iselgoa]] yn besit. Letter krigen de Mid-Fryske greven ek de rjochten oer de [[Grinslân|Grinslanner]] goaën [[Hunzegoa]] en [[Fivelgoa]] derby. Omdat harren hiele amtsgebiet yn dizze tiid tusken de geografyske gebieten [[West-Fryslân]] en [[East-Fryslân]] lei, wurdt tsjintwurdich sein fan 'Mid-Fryslân'.
 
== It Greeflik bewâld ==
YnIn grut part fan de 11e ieu wie it Greeflik bewâld yn Mid-Fryslân stiif ferankere, sa't bliken docht út de sulveren munten mei greeflike ôfbyldingen dy't fûn binne. Dizze munten waarden ûnder oaren slein yn [[Starum]], [[Boalsert (stêd)|Boalsert]], [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Dokkum]]. De munten binne op in protte plakken fûn en meastentiids yn grutte oantallen. .
 
De greeflike rjochten wiene yn hannen kaam fan foarsten waans machtssintrum fier fan Mid-Fryslân wei lei, yn Brunswyk. In wichtich part fan dizze rjochten hat út [[rjocht|rjochtspraak]] bestean. Hjirfoar betsjinne de greven harren fan amtners dy't mei de namme [[skelta]] oantsjutte waarden. Dêrneist hiene sy rjocht op muntslach, aksynzen, boeten e.d.. Twa greeflike tollen binne bekend, nammentlik te Starum en Dokkum. Ut de sânde [[17 Kêsten en 24 Lânrjochten|kêst]] blykt dat de Dútske keizer rjocht hie op in skatting út it Fryske lân, de saneamde "Huslota" of "Huslaga". De ynnimt dêrfan wie opdragen oan de skelta's, wylst de Fryske greve belêste wie mei de ôfdracht.<ref>O. de Vries (1986), "Het heilige Roomse Rijk en de Friese vrijheid", side 15-16. </ref>
 
== Ein ==
[[Hindrik IV fan it Hillige Roomske Ryk|Keizer Hindrik IV]] joech Mid-Fryslân yn [[1088]] (sûnder oerlis mei de Fryske greve) oer oan de biskop fan [[Stift Utert|Utert]]. Dat wie tsjin it sin fan greve [[Egbert II]], dy't tsjin keizer Hindrik IV (syn neef) yn opstân kaam. Nei Egberts dea yn [[1090]] folge [[Hindrik de Fette|Hindrik fan Northeim]] (de Fette) him op as greve fan Mid-Fryslân. Hindrik de Fette waard op [[10 april]] [[1101]] fermoarde troch Friezen dy't ûnder lieding stienen fan de biskop fan Utert. Mei de dea fan dizze greve einiget it tiidrek fan de greven en set it tiidrek fan de [[Fryske frijheid]] útein, dêr't de Friezen harren sa goed as selsstannich yn bestjoere, nettsjinsteande oanspraken fan Hollân en Utert op it gebiet.
 
== EinFuotnoat ==
<references/>
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{aut|[[Oebele Vries]]}}, ''Het heilige Roomske Rijk en de Friese vrijheid'', De Tille-Leeuwarden, 1986.
}}
 
[[Kategory:Skiednis fan Fryslân]]