1787: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ur:1787ء
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 3:
----
== Foarfallen ==
* De nôt- en pelmûne Windlust yn [[Boerum]] wurdt boud.
* Begjin maaie wurdt út [[Amersfoart]] wei in oanfal dien op it patriottyske bolwurk [[Utert (stêd)|Utert]].
* [[28 juny]] - Prinses [[Wilhelmina fan Pruisen|Wilhelmina]] besiket fanút [[Nymwegen]] [[De Haach]] te berikken om steun te krijen. Hja wurdt by [[Vlist (rivier)|Vlist]] oanholden en nei [[Goejanverwelleslûs]] brocht.
* Heal augustus. [[Hollân]] freget op steun út de oare gewesten, omdat [[Freark Willem II fan Pruisen|Freark Willem II]], de kening fan [[Pruisen]] en broer fan prinses Wilhelmina, driger mei yntervinsje, as Hollân net har ferûntskuldigingen oenbiedet. Yn [[Delft]] wurdt noch in patriottysk stedsbestjoer ynsteld. In tsiental patriottyske steateleden yn [[Fryslân]] wegert him del te lizzen by de reaksjonêre besluten en lûkt him werom yn [[Frjentsjer]]. Yn ferskate st6edenstêden wurde definsive maatregels troffen,. De spanning rint op.
* Op [[10 septimber]] folget in Pruisysk ultimatum fan trije dagen.
* Op [[15 septimber]] lûkt in Pruisysk leger de stêd Utert, ferdigene troch [[Freark III fan Salm-Kyrburg|Freark III]], binnen. De [[patriotten]] út Utert naaie út nei [[Amsterdam]].