Boalsert: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Franeker 5.53401E 53.06728N.jpg|thumb|''Satellytfoto fan Boalsert'']]
'''Boalsert''' is in stêd yn de meentegemeente Boalsert. De stêd, ien fan de [[Fryske stêden|Fryske alve stêden]], leit 12 km west fan [[Snits (stêd)|Snits]]. De gemeente hat 9.516 ynwenners (1 july 2006, boarne: CBS) en hat in oerflakte fan 9,42 km² (wêrfan 0,29 km² water); dërmei is Boalsert kwa gebiet de lytste gemeente fan [[Fryslân]].
 
Boalsert is de ienige offisjele kearn binnen de gemeente en hie 9.160 ynwenners op 1 jannewaris 2004. Binnen de gemeentegrinzen leit fierders allinnich noch it [[buorskip]] [[Laad en Saad]].
 
== Skiednis ==
Boalsert is ûntstien op in trijetal terpen, dêr't yn alle gefallen de âldste, dêr't de Sint Maartenstsjerke op stiet, fan datearret fan foar it begjin fan de [[jiertelling]]. De Broeretsjerke, yn [[1980]] troch brân ferwoasteferneatige en no as [[ruïne]] konservearre, is it âldste gebou fan de stêd en komt foar in part út de ein fan de [[13e ieu]]. Ek út de midsieuwen stammet it merakelse Mariabyld [[Us-Leave-Frouwe fan Sânwâlden]], tsjintwurdich bewarre yn de Sint Fransikustsjerke oan de Dijlakker.
 
Boalsert krige stedsrjochten yn [[1455]] mei troch de ferneamde reedner pater [[Johannes Brugman|Brugman]]. Boalsert wie ien fan de [[Hânze]]stêden.