Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: la:Maximilianus I (imperator); tekstwiziging
Rigel 4:
Maximiliaan waard yn Wiener Neustadt as soan fan keizer [[Freark III]] berne. Yn augustus [[1477]] boaske hy mei [[Maria fan Boergonje]], de dochter fan [[Karel de Stoute]] en erfgenamte fan [[Boergonje]]. It pear krige twa bern:
 
* [[Filips de Moaie]] ([[22 juny]] [[1478]] - [[25 septimber]] [[1506]]), boaske mei [[Johanna fan Kastylje]]
* [[Margaretha fan Eastenryk]] ([[10 jannewaris]] [[1480]] - [[1 desimber]] [[1530]]), boaske mei [[Filibert II fan Savoaie]]
 
Troch syn houlik waard Maksimiliaan nei it iere ferstjerren fan Maria yn 1482 de feitlike machthawwer oer de Nederlannen en de [[Franche-Comté]], as regint foar syn fjouwerjierrige soantsje Filips. Yn [[1486]] waard hy keazen as kening fan Rome en sân jier letter, yn [[1493]], as keizer fan it Hillige Roomske Ryk. De stêdelingen fan [[Brugge]] setten him yn [[1488]] in harren striid om autonomy finzen yn de stêd.
Rigel 15:
Om de tanimmende druk te ferminderjen dy't ûntstien wie troch ferdraggen ôfsluten tusken de hearskers fan [[Frankryk]], [[Poalen]], [[Hongarije]], [[Bohemen]] en [[Ruslân]], hie Maksimiliaan in july [[1515]] yn [[Wenen]] oerlis mei kening [[Wladislaus II]] fan Hongarije en Bohemen, en mei dy syn broer [[Sigismund I fan Poalen]]. It dêr ôfsprutsen dûbelhoulik (de ''Wiener Doppelhochzeit'') tusken twa pakesizzers fan Maksimiliaan (Ferdinand en Maria) en de ienige bern fan Wladislaus ([[Anna fan Bohemen]] en [[Loadewyk II fan Hongarije]]) soargen derfoar dat alve jier letter ek Hongarije en Bohemen tafoelen oan it hûs [[Habsburch]].
 
== Ferstjerren ==
Maksimiliaan stoar yn 1519 yn de sted [[Wels]] yn [[Opper-Eastenryk]]. Foar syn grêfmonumint yn de Hoftsjerke yn [[Innsbruck]] hie hy opdracht jûn om 40 libbensgrutte brûnzen stânbylden jitte te litten, dêrfan binne mar 28 ea foltôge. Hy waard as keizer opfolge troch syn pakesizzer [[Karel V]]. Syn eigen soan [[Filips de Moaie]] wie ommers al ferstoarn yn 1506.
 
[[Kategory:Skiednis]]
[[Kategory:Keizer fan it Hillige Roomske Ryk]]
[[Kategory:Habsburch]]
 
Rigel 46:
[[ja:マクシミリアン1世 (神聖ローマ皇帝)]]
[[ko:막시밀리안 1세 (신성 로마 제국)]]
[[la:Maximilianus I (imperator)]]
[[lt:Imperatorius Maksimilijonas I]]
[[lv:Maksimiliāns I Habsburgs]]