Kleaster Mariëngaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
→‎Ein: monumint út evhhF
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 16:
* Syn opfolger wie Ethelgerius, ek bekend as Ethelger Jelger. Hy kaam út in Ljouwerter aadlike famylje dy’t besibbe wie oan de [[Camminga]]’s. Ethelgerius wie foaral politikus en kaam ek op foar de belangen fan de Camminga’s. Ethelgerius hat it klear krige dat der yn [[Ljouwert]] in [[Dominikanen|dominikaner]] kleaster kaam. De kleasterkapel, dy’t no de Grutte of Jacobiner tsjerke neamd wurdt, waard de grêfsjerke fan de Camminga’s.
 
== Utwreiding ==
Ek Mariëngaarde hat dochterskleasters stifte. Sawol yn Fryslân as dêr bûten. It earste kleaster wie [[Kleaster Lidlum]] by [[TsjommearumTsjummearum]] en [[Bouwekleaster]] ûnder [[Droegeham]]. Ek wie der in úthôf yn [[Bakkefean]]. Ut it fean dêr waard de branje helle.
 
Ek krigen de Norbertinen de tsjerke fan St. Vitus fan Aldehou yn harren besit. De haadpryster fan Aldehou wie ek deken fan it dekanaat Ljouwert. Sa krigen de Norbertinen, mei stipe fan de Camminga’s, ek politike ynfloed. Troch’t se in protte lân krigen om foar ferstoarnen te bidden, kamen der sa’n 10 úthôven, foaral yn Eastergoa.