Fandaalsk: ferskil tusken ferzjes

11 bytes lytser ,  16 jier lyn
L
gjin bewurkingsgearfetting
No edit summary
LNo edit summary
It '''Fandaalsk''' is in útstoarne taal, dy't diel útmakket fan 'e [[Eastgermaanske talen|Eastgermaanske taalkloft]]. It waard sprutsen troch de [[Fandalen]], in folk dat yn 'e earste ieu nei Kristus mei de oare Eastgermaanske folken weiteach út harren stamlân yn [[Skandinaavje]] en nei jierrenlange omswalkings in keninkryk fêstige yn 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] provinsje [[Afrika (Romeinske provinsje)|Afrika]], dy't it noarden fan it hjoeddeiske [[Tuneezje]], [[Algerije]] en [[Marokko]] omfette.
 
It Fandaalsk wie nau besibbe oan 'e oare [[Eastgermaanske talen]], lykas it [[Goatysk]] en it [[Boergondysk]]. Nei gedachten wienen der twa dialekten, it Asdingsk en it Silingsk, korrespondearjend mei de twa stammen fan 'e [[Fandalen]], de Asdingen (of Hasdingen) en de Silingen. Dy beide stammen holden net altyd yn it selde gebiet ta en waarden ek net altyd regearre troch deselde kening, dat it liket wierskynlik dat der dialektyske ferskillen tusken harren foarkamen. Fierders is der mar in hiel lyts bytsje oer it Fandaalsk bekend, mei't it allinne mar oerlevere is yn in stikmannich nammen en twa frazen.
 
Ien fan dy frazen is ''Frója armés!'', dat "Hear, wês genedich!" betsjut. De oare wie ''eils scapiamatziaiadrincan'', dat foarkomt yn it [[Latyn|Latynske]] gedicht ''de conviviis barbaris'', út likernôch [[390]]. Yn losse wurden soe dy sin skreaun wurde moatte as: ''Eils! Scapiam matzia ia drincan'', dat "Heil! Lit ús iten en drinken helje" betsjut. Ferlykje it korrespondearjende [[Goatysk|Goatyske]] ''Hails! Skapjam matjan jah drigkan''.
 
Spoaren fan it Fandaalsk oerlibje nei gedachten oant 'e hjoed de dei ta noch yn it [[Andalusysk]], it [[Spaansk|Spaanske]] dialekt fan [[Andalúsje]] (dat nei de [[Fandalen]] neamd is en oarspronklik ''Vandalusia'' hiet).
6.088

bewurkings