Likedielers: ferskil tusken ferzjes

54 bytes grutter ,  12 jier lyn
oanfollinkje
L (Bot - derby: it:Vitalienbrüder)
(oanfollinkje)
'''Likedielers''' wienen seerôvers út de [[Midsieuwen]]. Hja wienen de opfolgers fan de [[Fiktaaljebruorren]]. Earst holpen se de [[Hânze]] tsjin [[Denemark]]. Doe't der yn [[1395]] frede sluten wie waarden se út de [[Eastsee]] ferjage. Se fûnen lykwols in skûlplak by [[East-Fryslân|East-Fryske]] haadlingen as [[Edo Wiemken]] yn [[Jever]] en by [[Tom Brok|Widzel tom Brok]] yn [[Mariënhafe]].
 
Yn de striid tsjin [[Albrecht fan Saksen]] wikselen de likedielers mear as ien kear fan partij. Tusken [[1402]]-[[1408]] waarden se oanfallen troch de Hânzeaten ûnder lieding fan Hamburg dy't se foar in diel fersloech. Der leinen ek likedielers as bûnsmaten fan [[Jan fan Beieren]] yn [[Dokkum]] en [[Iezumasyl]] (1422). Letter ferjage de Hânze mei help fan [[Focko Ukena]] harren hjirwei en waarden se ek yn East-Fryslân bestriden (1433).