Punt fan Reide: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
wurdkar
Rigel 4:
De Punt is in oerbliuwsel fan de [[Kwelderwâl|ouwerwâl]] fan de Iems dy't net fan stoarmfloeden fuortslein is. Hjir leine eartiids twa op: [[Oosterreide|Ooster-]] en [[Westerreide]]. It skiereilân bestiet meast út [[kwelder]]s. Oan de ein lizze twa [[Terp|wierden]]. Neffens de 17e ieuske histoarikus [[Ubbo Emmius]] rûn de [[Reider Ie]] (it ferlingde fan de Westerwoldse Aa) tusken de beide doarpen Ooster- en Westerreide troch. It ferneamde Dútske kleaster [[Abdij Werden|Werden]] oan de Roer hie sûnt de njoggende of tsiende ieu besit yn Oosterreide. Dit guod hiene hja fermoedlik krige troch de preker [[Liudger]] dy't yn de Grinslanner kuststreek missywurk dien hie. ''Werden'' hie ek it patronaatsrjocht fan de tsjerke fan Oosterreide. Yn [[1256]] waard dit rjocht oergedroegen oan it kleaster fan [[Palmaer]] (Hjir: [http://nl.wikipedia.org/wiki/Palmaer]).
 
Fan [[1580]] oant [[1594]] leinen der twa [[Skâns|skânsen]], de iene op it plak fan Westerreide ([[Reiderskâns]]) en de oare 240 m fierder nei it easten. De doarpen wienen doe al ferdwûn. Sa kaam it dat de skâns op it [[tsjerkhôf]] fan Westerreide oanlein wurde koe. Op 24 juny 1589 waarden beide skânsen troch greve [[Willem Loadewyk]] ferôvere en waard der ien fan makke mei fjouwer [[bastion]]s. Fan 1591 oant 1594 hie de festing rjocht fan muntslach. Yn [[Reide]] stie fierders oant it begjin fan de [[16e ieu]] in nonnekleaster fan de [[Augustineroarder]]. It kleaster hie dêr yn eltsalle gefalgefallen sûnt [[1376]] stien.
 
Yn de jierren 1970 waard foar 30 miljoen [[Nederlânske gûne|gûne]] op de Punt in [[Slûs|sluzekompleks]] boud, dêr't in bûtendyks kanaal op oansletten wurde soe. Dit kanaal is der lykwols nea kaam út reden fan miljeubeswieren. De slûs is dan ek wer ôfbrutsen.