Widukind: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: pt:Viduquind
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: ca:Widukind de Saxònia; tekstwiziging
Rigel 2:
'''Widukind''' of ''Wittekind'' ([[743]] - [[807]]) wie lieder fan de [[Saksen]] en de earste ''[[hartoch]]'' fan de Saksen dy't wy by namme kenne. Oarspronklik keazen de Saksen harren hartoggen allinnich as legeroanfierder (de letterlike betsjutting fan it wurd) dy't yn fredestiid wer ôftreedzje moast. Trochdat de Saksen yn syn tiid permanint strieden tsjin de Frankyske oerweldigers hold er dy funksje tsjientallen jierren, wêrtroch de Saksen it wend rekken om in lieder te hawwen. Dêrtroch koe Widukind ek de ynfloed fan syn famylje fergrutsje, dy't letter yn ferskate Saksyske dynastyen in rol spile, lykas de [[Ottoanen]], [[Welfen]], [[Ascanjers]] en [[Billungen]].
 
== Tsjinstanner fan Karel de Grutte ==
Widukind wie de liedende krêft yn de Saksyske striid om harren ûnôfhinklikens en leauwen, it heidendom, te behâlden. Neidat [[Karel de Grutte]] yn [[777]] de Saksen ferslein hie, socht Widukind syn taflecht by de [[Denen]]. Yn [[778]] gong Karel nei [[Spanje]] ta en Widukind kaam werom en foel plonderjend it Rynlân yn dêr't er in tal stêden ynnaam. Tusken [[779]] en [[781]] wie der in bruorrestriid, omt in part fan de Saksyske [[eallju]] oan de kant fan de [[Franken]] stienen. De oergong nei it Frankyske rjocht die de Saksyske adel fertuten omdat de Saksyske frije boeren neffens Frankysk rjocht liifeigenen waarden.
 
=== Opstân fan de Friezen ===
Yn [[782]] socht Widukind op 'e nij syn taflecht by de [[Denemark|Denen]], mar kaam datselde jier werom en organisearre in nije opstân. Dy opstân sloech ek oer nei de [[Friezen]] en de [[Wenden]]. De Saksen ferneatigen it Frankyske leger en makken twa hege Frankyske funksjonarissen dea. Karel sette in fjildtocht op poaten en mei in mânsk leger luts er tsjin de Saksen op. By [[Verden]] waard Widukind ferslein en 4.500 Saksen waarden deportearre. De Saksen wienen lykwols noch net ferslein troch Karel, want hja koenen in oar Frankysk leger ferslaan yn de [[slach by Grotenburch]]. Yn [[784]] krige Widukind help fan de Friezen dy't him in leger stjoerden.
 
== Fredesferdrach ==
Lang om let sletten Karel en Widukind yn [[785]] frede. Karel wist Widukind oer te heljen him ta it [[Kristendom]] te bekearen en mei Kryst [[785]] waard Widukind doopt mei Karel as peetheit. Ta eare dêrfan hâlde de paus in feestmiel.
 
Fermoedlik is Widukind ferstoarn yn [[807]] by in slach tsjin de [[Swaben]]. Hy soe begroeven wêze yn Enger yn Herford (yn it tsjintwurdige Noard-Rynlân-Westfalen) mar de monumintale tombe dêr is net 9e-ieusk, sadat it lichem dat dêr leit nei gedachten fan in oar is.
 
== Hillige ==
[[Ofbyld:Coat of arms of North Rhine-Westfalia.svg|thumb|right|150px|It wapen fan Noard-Rynlân-Westfalen]]
Widukind kaam letter yn leginden as in hillige en bouwer fan in protte tsjerken. Foar syn doop soe hy op in swart hynder riden hawwe en dêrnei op in witen-ien. It swarte hynder is ôfbylde op it wapen fan [[Herford]] en it wite hynder op de flaggen fan [[Noard-Rynlân-Westfalen]], [[Nedersaksen]] en [[Twinte]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* {{Aut|Gerlof Verwey}} - ''Geschiedenis van Nederland'', Amsterdam, 1995, s. 77.
* {{EvF|Widukind}}
}}
 
[[Kategory: Germaansk persoan]]
 
[[br:Widukind (roue ar Saksoned)]]
[[ca:Widukind de SaxeSaxònia]]
[[de:Widukind (Sachsen)]]
[[en:Widukind]]