Hinnaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
oanfolling en redaksje
plaatsje
Rigel 6:
It is in offisjeel doarp fan ferspraat lizzende buorkerijen en in kearn fan noch gjin tsien gebouwen. Se steane om in lytse terp hinne mei dêrom hinne in grintpaad. Op de hoeke fan de Sassingawei in betreklik grutte wenning fan readbrune stien mei in sealdak tusken topgevels mei frissels, fermoedlik datearjend út lêst 18e ieu. Fierders stiet der wat jongere of fernijde bebouwing. Oan de oare kant fan de Sassingawei stiet in resint pân en alhiel yn de noardlike hoeke in fernijde wenning.
== Klokhús ==
[[File:Hennaard Klokhuis 9682.JPG|thumb|Klokhús Hinnaard]]
De mei laaien dekte klokkestoel, mei it tsjerkhof, foarmet mei inkele huzen it sintrum fan dizze mienskip. Der omhinne stean ferskillende stjelpen. Hernawort ([[1319]]) betsjut: terp op de hoeke. Op Hinnaard hat ieuwen oanien de [[Sassingastins]] stien fan de namme Sassinga of Saxla. Doe´t yn it begjin fan de foarige ieu de terp ôfgroeven waard, is der in Fryske twa-earpot út it begjin fan de jiertelling fûn.
 
De terp bestiet út in tsjerkhôf omseame mei iperen beammen en in iperen hage, mei tusken nijere stiennen yn ek sarken út de 17e en 18e ieu. Yn de midden stiet in mei laaien dekte fjouwerkant klokhús, in sletten klokkestoel, boud op in fan de fan giele moppen mitsele foet, ôfkomstich fan de sloopte tsjerke. It dak is dutsen mei smoarde, platte Fryske pannen. De lantearne mei galmroasters hat in mei laaien dutsen tintedakje. Yn de basis sit oan de noardkant in wapenstien ynmitsele dêr‘t in reparaasje fan 1731 op fermeld stiet. It sil gjin reparaasje oan it klokhús west ha, want de tsjerke stie der yn 1731 noch. De Tegenwoordige Staat van Friesland makket yn 1788 melding fan de tsjerke. It klokhús is nei de sloop fan de tsjerke boud yn de 19e ieu en de fraaie stien dy‘t in reparaasje oan de tsjerke melde, is destiids mei ferhuze. De klok yn it klokhús draacht gjin ynskripsje. Oannommen wurdt dat se datearret út de 13e ieu.