Anthony Christiaan Winand Staring: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanf fan nl:
[[]]
Rigel 5:
Staring wie in útrinder yn de dichterlike fertelkeunst. In goed foarbyld dêrfan is de "Jaromir-syklus", mar ek mei ''Marco'' en ''De hoofdige boer'' waard er ferneamd. Dochs hat er net folle wurdearring hân om't syn literêre wurk dreech en net sa tagonklik wêze soe. Tsjintwurdich moatte syn lêzers ek oan de universiteit socht wurde.
 
Staring wie [[AchterhoekAchterhoeke]]err yn ieren en sinen. Hy hâlde yn syn jeugdjierren ta yn it [[Súd-HollânskeHollân]]ske [[Gouderak]] en yn [[Gouda]].<ref>Henk Povée yn: ''Tien eeuwen tussen Lek en IJssel'', Bussum 2004, ISBN 90 6868 378 0</ref> Syn heit wie yn tsjinst fan de [[Feriene Eastynjeske Kompanjy|VOC]] útstjoerd nei [[Kaap de Goeie Hope]]. De seisjierrige Anthony waard salang ûnderbrocht by syn omke, de widner Jacob Gerard Staringh, dy't [[Dûmny|predikant]] yn Gouderak wie. Nei de Frânske Skoalle fan master Willem Muys ([[1773]]-[[1776]]) en de [[Latynske Skoalle]] te Gouda folge te hawwen ( 1776 tot [[1782]]) ferliet er Gouda foar fierdere stúdzje.<ref>Dr. Jan Schouten yn: ''Gouda van sluis tot sluis'', 's-Gravenhage 1977, ISBN 90-233-0372-5</ref> Hy folge opliedingen oan de [[Universiteit fan HarderwykHurderwyk]] en yn [[Göttingen (stêd)|Göttingen]] om him ta te rieden op it behear fan syn lânguod en Kastiel De Wildenborch, dêr't er him yn [[1791]] foar altyd nei wenjen sette.
 
Syn wize fan eksploitaasje fan syn bûtenpleats wie yn dy tiid tige bysûnder. De ''lânman'' Staring hie omtinken foar de natoer, mar ek foar it ferlet fan it minskdom. Hy liet op ''De Wildenborch'' in skoalle bouwe, dêr't de bern fan boeren en lânarbeiders ûnderwiis krigen (lykas [[Tolstoi|Lev Tolstoi]] dat letter ek die op ''Jasnaja Poljana'').