Joseph Roth: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
tikfl.
Rigel 7:
Roth arbeide fan 1920 ôf as sjoernalist yn [[Berlyn]] foar de ''Neue Berliner Zeitung''. Nei 1921 wurke er foar de ''Berliner Börsen-Courier'' en noch in pear jier letter foar de gesachhawwende ''Frankfurter Zeitung''. Roth hie al betiid aan fan it gefaar dat [[nasjonaal-sosjalisme]] ynhold. Yn 1933 flechte er út Dútslân wei, dêr't syn boeken ferbean waarden. Sûnt hie er in swalkjend bestean: [[Wenen]], [[Praach]], [[Marseille]], [[Oostende]], [[Amsterdam]] en [[Parys]]. Hy wenne yn pensjons en hotels. De kafeetafel waard syn wurkplak. Syn wurk waard sûnttiids útjûn yn Nederlân troch de Amsterdamske útjouwers Frits Landshoff fan [[Querido Verlag|Querido]] en [[Allert de Lange]].
 
Roth's privee-libben stie faôffanôf 1928 yn it skaad fan de sykte fan syn frou Friedl dy't slim fan [[skizofreny]] te lijen hie. Yn dy jierren skreau er ek syn measte romans. Yn Oostende, dêr't in protte ferballe Dútske skriuwers sieten, hie er in pear jier in ferhâlding mei de skriuwster Irmgard Keun (dy't him nei harren earste moeting omskreau as 'in minske dy't fan treurichheid wol yn in pear oeren stjerre kinne koe'.
 
Roth stoar yn earmoed yn 1939 as banneling yn Parys oan de gefolgen fan [[alkoholisme]] (delirium en longûntstekking). HuHy kaam te hôf op it Cimetière de [[Thiais]].
 
== Wurk ==